It kwea ûntrint syn straf net
1Begear net in keppel bern te hawwen, dy’t net doge wolle,
en wês net bliid om soannen dy’t goddeleas binne.
2Hoe machtich se ek wêze meie, wês der net bliid om,
as it der net yn sit om de Hear foar eagen te hâlden.
3Rekkenje der mar net op, dat se lang libje sille
en fertrou der net op, dat se sa machtich binne;
want ien goeden is better as tûzen
en sûnder bern te stjerren is better as goddeleaze bern te hawwen.
4Troch ien ferstannich man hâldt in stêd syn befolking,
mar in folk fan kweadoggers giet teneate.
5Soksoarte dingen hat myn each safolle sjoen
en fan noch slimmer dingen hat myn ear heard.
6Yn ’e gearkomste fan sûnders wurdt fjoer oanstutsen
en yn in trouweleas folk ûntflammet de grime.
7God hat de reuzen út âlde tiden net ferjûn
dat se tsjin Him opstienen, sterk as se wienen.
8Hy hat de stêd dêr’t Lot tahâlde, net mijd,
dêr’t Er in ôfgriis fan hie om har heechmoed.
9Hy hat gjin begrutsjen hân mei it folk dat ûndergean moast,
Hy hat se ferdien om har sûnden.
10Krektlyk die Er mei seishûnderttûzen man fuotfolk,
dy’t gearhokke wienen mei de dwerse holle.
11Ja, as der ek mar ien dôfhûdich is,
is it in wûnder as er der sûnder straf foar weikomt;
want der is by de Hear genede, mar ek grime,
Hy is machtich yn it ferjaan, mar ek yn it útjitten fan syn grime.
12Syn genede is grut, mar like grut is syn rjochtfeardichheid;
Hy oardielet in minske nei wat er dien hat.
13De sûnder ûntkomt net mei syn bút
en de fromme dy’t geduldich bliuwt, lit Er net om ’e nocht wachtsje.
14Hy makket it paad rom foar de barmhertichheid,
mar dochs sil it elk fergean nei’t er dien hat.
17Sis net: ‘Ik bin ferburgen foar de Hear,
wa soe dêrboppe oan my tinke?
Under safolle minsken hat net ien my yn ’e rekken,
wat is myn libben yn dy ûnmjitlike skepping?’
18Wier: de himel en de heechste himel,
de ôfgrûn en de ierde wankelje as Hy komt.
19De bergen, ja de fûneminten fan ’e ierde
skodzje deroer, as Hy dernei sjocht.
20Mar in minske tinkt dêr net oer nei;
ja, wa kin syn wegen begripe?
21As in falwyn, dy’t in minske net oankommen sjocht,
sa is it measte fan syn dwaan en litten ferburgen.
22Wa sil syn rjochtfeardige dieden oankundigje?
Wa se ferwachtsje? Syn riedsbeslút giet ommers fier boppe ús begryp.
23Sa tinkt in minske, dy’t net goed mei de holle is,
in dwaas dy’t op ’e doele is,betinkt sotte dingen.
It plak fan ’e minske yn ’e skepping
24Harkje nei my, myn soan, en doch kennis op,
ja, slaan myn wurden mei ynmoed acht.
25Ik sil dy mei sin ûnderrjochtsje
en dy sekuer fertelle wat ik wit.
26Under it oardiel fan ’e Hear lizze syn wurken fan it oanbegjin ôf,
en fuortdaliks doe’t Er se makke hie, hat Er harren har plak oanwiisd.
27Hy hat syn wurken foar altyd op oarder brocht,
en har oanfierders fan geslacht ta geslacht.
Se krije gjin honger en wurde net wurch
en jouwe har wurk net oer;
28de iene kringt de oare net út it stee,
se wike noait in kear ôf fan syn bestel.
29Dêrnei seach de Hear de ierde oan
en makke dy fol mei al syn goede dingen;
30Hy bediek har oerflak mei alle soarten libbene wêzens,
dy’t ek wer ta har weromkomme moatte.