Gean om mei dyn gelikens
1Dy’t pik oanpakt, wurdt smoarch,
en dy’t mei in grutskenien begjint, komt op him te lykjen.
2Til gjin fracht op dy’t dy boppe de macht giet,
gean net om mei ien dy’t sterker en riker is as do.
Wêrom moat de ierden pôt mei de tsjettel omgean?
As er der tsjinoan stompt, leit er oan gruzels.
3In rikenien docht ûnrjocht en hat ek noch in grut wurd;
in earmenien is ûnrjocht oandien, en hy moat ek noch om help smeekje.
4Salang’t de rike profyt fan dy hat, brûkt er dij;
mar ast ûnfertúnlik bist, giet er dy út ’e wei.
5Salang ast wat haste, libbet er op dyn bûse,
hy skoddet dy út sûnder der folle drokte om te meitsjen.
6Hat er ferlet fan dy, dan ferrifelt er dy,
hy glimket dy ta en spegelt dy fan alles foar;
hy praat moai mei dy om en seit: Wêr hast ferlet fan?
7Hy set dy te pronk op syn gastmielen
en dan skoddet er dy twa of trije kear út
en op ’t lêst stekt er dy de gek oan.
As er dy neitiid wer sjocht, giet er dy út ’e wei
en hy skoddet de holle oer dy.
8Tink der om dat se dy net ferrifelje
en datst yn dyn dwaasheid net fernedere wurdst.
9As in machtich man dy útnoeget, wês dan wat mijen,
mei namste mear klam sil er dy útnoegje.
10Wês net te frij, oars wurdst faaks fuortstjoerd
mar bliuw ek net achteroan stean, oars wurdst faaks fergetten.
11Lis it der net op oan, as gelikens mei him te praten
en fertrou net op syn rykdom fan wurden.
Troch al syn praten hifket er dy,
hy glimket dy ta en harket dy út.
12Hy is ûnbarmhertich en hâldt him net oan syn wurd,
hy sparret dy gjin mishanneling of boeiens.
13Pas op en wês tige foarsichtich
want do giest om mei ien dy’t it op dyn ûndergong foarsjoen hat. [ 14]
15Alle dieren hâlde it mei har gelikens
en alle minsken mei dy’t har it neiste steane.
16Al wat libbet, siket syn eigen soarte op;
sa hâldt in minske him ek by syn gelikens.
17Hoe soe in wolf mei in laam ferkeare?
Likemin in sûnder mei in frommenien.
18Kin der frede wêze tusken in hyena en in hûn?
Kin der frede wêze tusken ryk en earm?
19De wâldezel yn ’e woestyn is in proai fan ’e liuw;
sa weidzje de riken de earmen ôf.
20In grutskenien hat in ôfgriis fan nederichheid;
lyksa hat in rikenien in ôfgriis fan in earme.
21In rikenien dy’t wankelt krijt stipe fan syn freonen,
mar as in earme falt, jouwe syn freonen him noch in traap nei.
22As in rike in misstap docht, helpe se him allegearre;
hy seit ûnfoechsume dingen en se jouwe him ek noch gelyk.
Docht de gewoane man in misstap, dan kriget er der noch in skrobbearring oerhinne;
seit er ferstannige dingen, dan litte se him net oan it wurd komme.
23As de rike sprekt, binne se allegearre stil,
en se ferheffe syn wurd sa heech as de wolken.
Mar as de earme sprekt, sizze se: Wat man is dat?
en as er stroffelt, jouwe se him ek noch in triuw.
24Earlike rykdom is goed,
mar de goddeleaze neamt earmoed in kwea.
25It inerlik fan in minske feroaret syn gesicht,
it mei wêze te’n goeden of te’n kweaden.
26It teken fan in gelokkich hert is in blier gesicht,
en it finen fan spreuken freget moedsum neitinken.