1Ast ien goed dochste, wit wol oan wa’st it dochste,
dan sille se dy tankje foar dyn woldieden.
2Doch de fromme goed, it sil dy leanne wurde,
is it net troch himsels, dan troch de Allerheechste.
3It komt net goed mei immen dy’t allegeduerigen kwea docht,
likemin mei ien, dy’t noait wat oan ’e earmen jout.
4Jou oan ’e fromme, mar help de sûnder net.
5Doch de nederige goed, mar jou de goddeleaze neat;
ûntkear him syn brea en jou it him net,
oars soed er dy dêrtroch oermânsk wurde kinne;
do soest dûbeld en dwers kwea ûnderfine
foar alle goeds datsto him oandochste.
6Want de Allerheechste hatet sûnders
en Hy wreekt Him op ’e goddeleazen.
7Jou oan in goed minske, mar help de sûnder net.
Freonen dy’t it net miene
8Salang’t it jin goed giet, ken men de freon der net út,
mar by tsjinstuiten bliuwt it net geheim, wa’t jins fijân is.
9As it jin goed giet, hat jins fijân fertriet,
mar by tsjinstuiten lit sels in freon jin sitte.
10Fertrou dyn fijân yn der ivichheid net,
want syn gemienens is as koper dat útslacht.
11Ek al is er dimmen en rint er mei de holle foardel,
tink om dysels en wês op dyn iepenst foar him,
dan bisto foar him as ien dy’t in spegel opwreaun hat,
en do wurdst gewaar dat dy net altyd ruostich bliuwt.
12Set him net njonken dy del,
oars reaget er dy noch oan ’e kant en nimt dyn plak yn.
Jou him gjin sit oan dyn rjochterhân,
hy koe ris besykje om op dyn plak sitten te gean.
Dan soest op it lêst myn wurden begripe
en wroeging hawwe ast oan myn útspraken weromtinkst.
13Wa hat begrutsjen mei de beswarder, as de slange him byt?
of mei al dy lju dy’t mei wylde dieren omgeane?
14Sa giet it ek mei him dy’t him mei in sûndich man ôfjout
en dy’t him ynlit mei syn kweade oanslaggen.
15In skoftlang bliuwt er by dy;
mar ast it paad bjuster rekkest, hâldt er it net fol.
16Mei de mûle praat dyn fijân wakker moai,
mar yn syn hert is er fan doel, dy yn in dobbe te smiten.
17As dy wat oerkomt, silst sjen, dat hy der earder by is as dosels
en as soed er dy helpe, sa lichtet er dy de foet.
18Hy skodhollet en hantsjeklapt,
hy flústert wakker yn himsels en ferlûkt syn gesicht.