God hat Israel útkard
1Ik sprek de wierheid as ien dy’t by Kristus heart, ik leagenje net. Myn gewisse, dat ûnder de macht fan de hillige Geast is, ferklearret it mei: 2Der is wat dat my tige fertrietlik makket en dat my it herte sûnder ophâlden piniget. 3Ik woe wol dat ik sels ferflokt wie en fier fan Kristus, om myn bruorren, myn eigen fleis en bloed. 4It binne ommers Israeliten, se binne as Gods bern oannommen, se hawwe de hearlikheid, de ferbûnen, de wet, de earetsjinst en de beloften. 5Se stamje fan ’e aartsfaders ôf en as minske is út har de Kristus berne, dy’t boppe alles is, God, heech te priizjen oant yn ivichheid. Amen. 6Mar it is net sa dat Gods wurd net mear jildt. Want allegearre dy’t fan Israel ôfstamje, binne dêrom noch net wierliken Israel, 7en likemin binne allegearre dy’t fan Abraham ôfstamje, wierliken syn bern, mar God seit: De bern fan Izaäk sille as dyn ôfstammelingen jilde. 8Dat betsjut: Net de bern dy’t op natuerlike wize te wrâld kommen binne, binne bern fan God, mar de bern dy’t har bestean oan Gods belofte te tankjen hawwe, telle mei as ôfstammelingen. 9Want it wurd fan ’e beloften wie sa: Om dizze selde tiid hinne sil Ik komme en dan sil Sara in soan hawwe. 10Dat is noch net alles: Rebekka moast bern krije fan mar ien man, ús foarfaar Izaäk. 11En doe’t har bern noch net te wrâld kommen wienen en goed noch kwea dien hienen, waard der tsjin har sein: De âldste sil de jongste tsjinje. 12Sa woe God fan krêft bliuwe litte dat Hy beskikt en útkiest, net op grûn fan ’e dieden fan ’e minsken, mar op grûn fan Him dy’t ropt. 13Sa stiet der ek beskreaun:
Jakob haw Ik leafhân,
mar Ezau haw Ik hate.
14Wat sille wy dêr dan fan sizze? God docht dochs gjin ûnrjocht? Ut-noch-yn net! 15Want tsjin Mozes seit Er:
Ik sil My erbarmje oer wa’t Ik my erbarmje,
en Ik sil meilijen hawwe mei wa’t Ik meilijen haw.
16It hinget dus net ôf fan ’e minske dy’t wòl of dy’t him ynspant, mar fan God dy’t Him erbarmet. 17Want de Skrift seit tsjin ’e Farao: Krekt dêrfoar haw Ik dy dertroch skuord om yn dy myn macht sjen te litten en om myn namme oer de hiele wrâld bekend te meitsjen. 18Sa erbarmet Er Him oer wa’t Er wol, en makket Er behurde, wa’t Er wol.
Gods grime en genede
19No silsto tsjin my sizze: Wat hat Er dan noch oan te merken? Wa kin it hâlde tsjin syn wil? 20Mar wa bisto dan wol, o minske, datsto tsjin God abbelearje soest? It diggelguod seit dochs net tsjin dy’t it makket: Wêrom hawwe jo my sa makke? 21Of kin de pottebakker mei de klaai net dwaan wat er wol, en meitsje út ’e selde klute in aparte en in deagewoane faas? 22En as it noris sa wie: God woe syn grime toane en syn macht bekend meitsje? Dêrom hat Er mei grut geduld dy lju ferdroegen foar wa’t syn grime ornearre wie, dy’t ryp wienen foar de ûndergong. 23Hy woe ek de rykdom fan syn majesteit bekend meitsje oan ’e minsken dêr’t Er Him oer erbarme, dy’t Er tefoaren foar de hearlikheid reemakke hat.
24Dat binne wy dy’t Er net allinne út ’e Joaden, mar ek út ’e heidenen roppen hat. – Wa soe dêr dan wat fan sizze doare? – 25Sa’t Er yn Hoséa seit:
Wat net-myn-folk wie, sil Ik as myn folk roppe;
dy’t Ik net leaf hie, as myn leafste.
26En op itselde stee dêr’t tsjin harren sein waard: Jimme binne net myn folk,
dêr sille se as bern fan ’e libbene God roppen wurde.
27Mar Jesaja ropt oer Israel út:
Al wienen de Israeliten sa machtich as de sânkerrels by de see,
dochs sil der mar in stealtsje fan rêden wurde.
28Want de Heare sil dy saak op ierde ta in ein bringe, foargoed en sûnder útstel.
29It sil wêze lykas Jesaja al earder sein hie:
As de Heare Sébaot ús net wat neiteam oerlitten hie,
dan wie it mei ús kommen as mei Sodom,
dan hienen wy lyk stien mei Gomorra.
Israel en it bliid boadskip
30Wat sille wy dêr dan fan sizze? Dit, dat heidenen, al leinen se har der net op út, dochs de gerjochtichheid krige hawwe, te witten de gerjochtichheid troch te leauwen. 31Mar Israel, al lei it him út op in wet dy’t harren frijút gean litte soe, is dêr net oan ta kommen. 32En wêrom net? Om’t Israel net fan it leauwen útgong, mar fan ’e dieden. Se hawwe har stjitten oan ’e stroffelstien, 33lykas der beskreaun stiet:
Sjoch, Ik lis yn Sion in stroffelstien,
in rots om oer te fallen,
en:
Wa’t yn him leaut, sil net beskamme weikomme.