1Myn bruorren, it is myn hertewinsk en ik bid God derom, dat de Israeliten behâlden wurde meie. 2Want ik kin derfoar ynstean, dat se fol iver binne foar God, mar se dogge dat sûnder it goede begryp. 3Se wolle neat witte fan de gerjochtichheid dy’t God jout, en besykje har eigen gerjochtichheid op te setten. En sa hawwe se har net deljûn ûnder de gerjochtichheid dy’t God jout. 4Want Kristus is de ein fan ’e wet, dat elk dy’t leaut, wurdt frijsprutsen.
Behâld foar alle minsken
5Mozes skriuwt oer de gerjochtichheid dy’t fan ’e wet komt: De minske dy’t dat docht, sil dêrtroch libje. 6Mar de gerjochtichheid dy’t út it leauwen komt, seit: Sis net by dysels: Wa sil nei de himel opfarre? – dat wol sizze: Kristus delhelje – 7of: Wa sil delfarre nei de ûnderwrâld? – dat wol sizze: Kristus út ’e deaden omheechbringe –. 8Mar wat seit dy?
Deun by dy is it wurd,
by dy yn ’e mûle en yn it hert.
– Dat wol sizze: it boadskip oer it leauwen, dat wy ferkundigje. 9Want asto mei de mûle beliidst: Jezus is de Hear, en mei it herte leaust dat God Him út ’e deaden opwekke hat, dan silsto behâlden wurde. 10Want troch te leauwen krijt men frijspraak en troch te beliden krijt men behâld. 11Want de Skrift seit:
Elk dy’t yn Him leaut, sil net beskamme weikomme.
12Der is ommers gjin ûnderskie tusken Joaden en Griken: Ien-en-deselde is Hear oer allegearre, dy’t ryk is foar allegearre dy’t Him oanroppe. 13Want: elk dy’t de namme fan de Hear oanropt, sil behâlden wurde. 14Hoe sille se Him oanroppe, as se net yn Him leaud hawwe? Hoe yn Him leauwe, as se net nei Him heard hawwe? Hoe nei Him hearre, as net ien ferkundiget? 15Hoe sille se ferkundigje, as se net stjoerd binne? Lykas beskreaun stiet:
Hoe wolkom binne de fuotten fan har dy’t it goede nijs bringe.
16Mar se hawwe net allegearre nei it bliid boadskip harkje wollen. Want Jesaja seit:
Hear, wa hat leaud wat Jo ús hearre lieten?
17Sa komt it leauwen fan it hearren en it hearren troch it wurd fan Kristus.
18No freegje ik: Hawwe se it dan net heard? Fansels wol! (Lykas de Skrift seit):
Har lûd is oer de hiele ierde útgien
en har wurden nei alle hoeken en hernen fan ’e wrâld ta.
19Mar ik freegje: Hat Israel it net ferstien? Mozes (sels) is de earste dy’t seit:
Ik sil jimme oergeunstich meitsje op wat gjin folk is,
en lilk op in folk sûnder ynsjoch.
20Jesaja doar it bestean en sis:
Ik bin fûn troch har dy’t My net sochten,
Ik haw my sjen litten oan har dy’t net nei My fregen.
21Mar fan Israel seit Er:
De hiele dei haw ik de hannen útstutsen nei in dôfhûdich en tsjinakseljend folk.