Iepenbiering 9
De fyfte trompet: de earste wee-rop
1Dêrnei trompette de fyfte ingel; en ik seach in stjer dy’t út ’e himel wei op ’e ierde fallen wie, en dy krige de kaai fan ’e put nei de Ofgrûn. 2Doe makke er de put nei de Ofgrûn iepen; en der stiigde reek út dy put op lykas fan in grutte oven, dat de sinne en de loft waarden troch de reek út ’e put fertsjustere. 3Ut dy reek saaiden sprinkhoannen op ’e ierde del en dy krigen macht sa’t de skorpioenen fan ’e ierde dy ek hawwe. 4Der waard harren sein, dat se it gers op it lân net tramtearje mochten en gjin inkelde griene plant en gjin inkelde beam; oars net as de minsken dy’t it segel fan God net op ’e foarholle hawwe. 5Se mochten dy net om hals bringe, mar wol fiif moanne lang pinigje; dat pinigjen liket op dat fan in skorpioen, as dy in minske stekt. 6Yn dy dagen sille de minsken de dea sykje, mar dy noait fine kinne: se sille graach stjerre wolle, mar de dea giet foar harren op ’e rin. 7Fan foarm liken dy sprinkhoannen op hynders, dy’t ta de oarloch útrist binne; op ’e kop hienen se sokssawat as gouden kroanen, har gesicht like op dat fan minsken. 8Har hier wie as frouljushier en har tosken as liuwetosken. 9Har boarst like wol in izeren pânser, en it lûd fan har wjukken like op dat fan in grutte kloft hynder-en-weinen dy’t nei de striid opdrave. 10Se hienen sturten as skorpioenen en ek angels; yn ’e sturt siet by harren de macht, om de minsken fiif moanne lang te tramtearjen. 11As har kening hienen se de ingel fan ’e Ofgrûn, dy’t yn it Hebrieusk Abaddon hjit en yn it Gryksk Apollyon (Fernieler).
12De earste wee-rop is foarby; mar hjirnei komt noch twa kear in wee-rop.
De sechste trompet: de twadde wee-rop; ruters út it easten
13Doe trompette de sechste ingel; en ik hearde in stimme tusken de fjouwer hoarnen wei fan it gouden alter, dat foar God stie. 14Dy stimme sei tsjin ’e sechste ingel, dy’t mei de trompet yn ’e hân stie: Meitsje de fjouwer ingels los, dy’t fêstbûn sitte by de grutte rivier de Eufraat. 15Doe waarden de fjouwer ingels losmakke dy’t klearhâlden wienen foar dy oere, dy dei, dy moanne en dat jier, om in tredde part fan ’e minsken om hals te bringen. 16En it tal ruters fan ’e ôfdielingen hynstefolk wie 20.000 kear tsientûzenen; dat tal hearde ik neamen. 17Sa seach ik yn myn fizioen de hynders en dy’t dêr op sieten, mei fjoerreade en dûnkerreade en swevelgiele pânsers. En de koppen fan ’e hynders wienen as liuwekoppen en fjoer en reek en swevel kamen har ta de bek út. 18Troch dy trije pleagen stoar it tredde part fan ’e minsken, troch it fjoer, de reek en de swevel dy’t dy hynders ta de bek út kamen. 19Want de macht sit by dy hynders yn ’e bek en yn ’e sturt; har sturten binne as slangen, der sitte koppen op, en dêr tramtearje se de minsken mei. 20Mar de oare minsken, dy’t net troch dy pleagen omkamen, bekearden har nòch net fan ’e praktiken dy’t se derop neihâlden, fan it oanbidden fan kweageasten en ôfgodsbylden fan goud, sulver, koper, stien en hout, dy’t net sjen of hearre of rinne kinne; 21en se bekearden har ek net fan har moardnerijen, noch fan har tsjoenderijen, har huorkerij of fan har dieverijen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap