Iepenbiering 10
Johannes moat in boekrôle opite
1Doe seach ik in oare ingel, in sterkenien, út ’e himel delkommen, klaaid yn in wolk en mei de reinbôge boppe de holle. Syn gesicht striele as de sinne en syn skonken as pylders fan fjoer. 2Yn ’e hân hied er in lytse boekrôle, dy’t iepenteard wie. Hy sette de rjochterfoet op ’e see en de linker op it lân, 3en hy begûn lûd te razen, lykas in liuw brinzget. Doe’t er raasd hie, klonken sân tongerslaggen.
4Doe’t de sân tongerslaggen klonken hienen, woe ik it opskriuwe; mar ik hearde in stimme út ’e himel sizzen: Fersegelje wat de sân tongerslaggen sprutsen hawwe, skriuw dat net op.
5Doe stuts de ingel, dy’t ik boppe op ’e see en boppe op it lân stean seach, de rjochterhân omheech nei de himel, 6en hy die in eed by Him dy’t yn alle ivichheid libbet, dy’t de himel skepen hat en wat dêryn is, it lân en wat dêrop is en de see en wat dêryn is. Hy swarde: No is der gjin tiid mear oer: 7nee, as it safier is dat de sânde ingel trompettet, wurdt it geheime riedsbeslút fan God folbrocht, dat Er syn feinten, de profeten ferkundige hat.
8Doe prate de stim dy’t ik út ’e himel wei heard hie, opnij tsjin my; dy sei: Kom, nim de lytse boekrôle oan, dy’t iepenteard yn ’e hân leit fan ’e ingel, dy’t boppe op ’e see en boppe op it lân stiet. 9Ik gong nei de ingel ta en frege him oft er my de boekrôle jaan woe. Hy sei tsjin my: Nim him en yt him op, it sil dy der bitter fan wêze yn it liif, mar yn dyn mûle sil it sa swiet as hunich smeitsje. 10Doe naam ik de boekrôle oan út ’e hân fan ’e ingel en iet dy op en dy smakke my yn ’e mûle sa swiet as hunich; mar doe’t ik him opiten hie, waard it my bitter yn it liif. 11En der waard tsjin my sein: Do moatst opnij profetearje oer in mannichte folken en naasjes en keningen fan alderhanne taal.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap