De draak bedriget de Soan fan ’e frou
1Doe ferskynde der in machtich teken oan ’e himel: in frou, beklaaid mei de sinne, en mei de moanne ûnder har fuotten en op ’e holle in kroane mei tolve stjerren. 2Dy ferwachte in bern, en se raasde it út fanwegen de fleagen en de pine fan ’e befalling. 3Doe ferskynde der noch in oar teken oan ’e himel, dat wie in grutte fjoerreade draak, mei sân koppen en tsien hoarnen en mei sân diademen op dy koppen. 4Mei de sturt reage er in tredde part fan ’e stjerren fan ’e himel en smiet dy op ’e ierde.
Doe stie de draak foar de frou dy’t befalle moast, om har bern op te iten as se it te wrâld brocht hie. 5Doe krige se in bern, in jonge, dy’t alle folken mei in izeren stêf hoedzje sil; mar har bern waard dêr hastich weihelle nei God en nei syn troane ta. 6En de frou flechte nei de woestyn; dêr hat se in plak, dat God foar har klearmakke hat. Op dat plak sil der tolfhûndert en sechstich dagen foar har iten soarge wurde.
De draak wurdt ferslein
7Doe kaam der oarloch yn ’e himel, meidat Michael en syn ingels mei de draak fochten. De draak en syn ingels fochten ek, 8mar dy koenen it net hâlde, en der wie tenei foar harren gjin plak mear yn ’e himel. 9Delsmiten waard de grutte draak, de âlde slange, dy’t duvel en satan neamd wurdt en dy’t de hiele wrâld op ’e doele bringt, ja delsmiten waard er op ’e ierde, en syn ingels waarden tagelyk mei him delsmiten. 10En ik hearde in lûde stimme yn ’e himel roppen:
No is it heil, de krêft en it keninkryk fan ús God kommen,
en de macht fan syn Messias,
want de oankleier fan ús bruorren is delsmiten,
dy’t harren by nacht en by dei by God oanklage.
11Hja hawwe it fan him wûn troch it bloed fan it Laam
en troch it getugenis dat se sprutsen hawwe;
se binne stoarn, se hawwe har libben derfoar oer hân.
12Wês dêrom bliid, jimme himelen
en dy’t dêryn wenje;
mar wee jimme, lân en see,
want de duvel is ta jimme delkommen,
breinroer, omdat er wit dat syn tiid hast om is.
De draak sit de frou achternei
13Doe’t de draak fernaam, dat er op ’e ierde delsmiten wie, sette er de frou achternei dy’t de jonge te wrâld brocht hie. 14En oan de frou waarden de beide wjukken fan ’e grutte earnfûgel jûn, om nei de woestyn te fleanen nei har eigenplak, dêr’t se in tiid en tiden en in heale tiid iten krijt en dêr’t de slange net by har komme kin. 15Doe spuide de slange út syn bek de frou wetter achternei, net liker as wie it in rivier, om har troch dy rivier fuortspiele te litten. 16Mar de ierde woe de frou helpe en die de mûle iepen om de rivier te ferswolgjen, dy’t de draak út syn bek spuid hie. 17Doe waard de draak poerlilk op de frou, en hy gong fuort om te oarlogjen tsjin har oare bern, dy’t har oan Gods geboaden hâlde en by it getugenis fan Jezus bliuwe. 18En hy bleau stean op it strân fan ’e see.