Iepenbiering 13
It beest dat út ’e see opkomt
1Doe seach ik in beest út ’e see opkommen, mei tsien hoarnen en sân koppen; syn hoarnen sieten tsien diademen op, en op syn koppen stienen godslasterlike nammen. 2It beest dat ik seach, like op in panter, mar syn poaten wienen as fan in bear, en syn bek as dy fan in liuw. En de draak droech him syn macht, syn troane en syn grutte folmacht oer. 3Sa’t it my talike, wie ien fan syn koppen deadlik ferwûne, mar dy deadlike wûne waard dochs wer better, en de hiele wrâld rûn fol bewûndering achter it beest oan. 4Hja ferearen de draak, omdat er syn folmacht oan it beest oerdroegen hie, en se ferearen it beest mei de wurden: Wa is opwoeksen tsjin it beest en wa doar de striid mei him oan? 5Hy krige in mûle om te swetsen en om God te lasterjen, en hy mocht twaënfjirtich moanne lang syn gong gean. 6Hy die de mûle iepen om God te lasterjen, om syn namme en wenplak te lasterjen en har dy’t yn ’e himel wenje. 7Doe mocht er de hilligen be-oarlogje en it fan har winne, en hy krige it foar ’t sizzen oer alle stammen, folken en naasjes fan allerhanne taal. 8Him sille ferearje alle bewenners fan ’e ierde, dêr’t de namme sûnt de grûnlizzing fan ’e wrâld net fan opskreaun stiet yn it libbensboek fan it Laam dat slachte is.
9Wa’t earen hat, lit him hearre. 10Wa’t in oar gefangen nimt, rekket sels yn gefangenskip; wa’t in oar mei it swurd deaslacht, dy moat sels mei it swurd deaslein wurde. Hjir komt it op it úthâlden en de trou fan ’e hilligen oan.
It beest dat út ’e ierde opkomt
11Doe seach ik in oar beest út ’e ierde opkommen, dat hie twa hoarnen lykas dy fan in laam, mar it spriek as in draak. 12It oefent alle macht fan it earste beest foar dy syn eagen út. It soarget derfoar dat de ierde en har bewenners it earste beest oanbidde, dat better wurden wie fan syn deadlike wûne. 13It docht grutte wûndertekens, ja, it lit fjoer út ’e himel op ’e ierde delkomme foar de eagen fan ’e minsken. 14It bringt de bewenners fan ’e ierde op ’e doele troch de wûndertekens dy’t it dwaan mei foar it beest, want it bepraat de bewenners fan ’e ierde om in byld te meitsjen ta eare fan it beest, dat troch it swurd ferwûne en dochs wer libben wurden wie. 15Doe mocht it it byld fan it beest ta libben bringe, dat it begûn te praten, en it soarge derfoar dat elk dy’t it byld fan it beest net fereare, fan kant makke waard. 16En it soarget derfoar dat elkenien, lyts en grut, ryk en earm, frije en slaaf in merk op ’e rjochterhân of op ’e foarholle krijt, 17en dat net ien keapje of ferkeapje kin, oars net as dy’t as merk de namme fan it beest of it getal fan syn namme draacht.
18Hjir komt it op begryp oan. Dy’t ferstân hat, lit dy it getal fan it beest útrekkenje; want it is it getal fan in minske. Syn getal is 666.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap