Gebed yn de need
1In liet foar de Korachiten. Foar de dirigint. Op ‘machalat’. Om te kleien. In keunstich liet fan Heman, de Ezrachyt.
2Heare God, myn behâlder, deis gûl ik it út
en nachts lis ik it Jo foar.
3Lit myn gebed oan Jo ta komme,
hâld jo earen iepen foar myn kriten.
4Want ik bin it lijen sêd
en myn bestean is de dea neiby.
5Ik wurd rekkene by de lju dy’t yn it grêf weisinke,
ik bin wurden as in man sûnder krêft.
6Myn plak is by de deaden, by minsken
dy’t sneuvele binne en yn it grêf rêste,
dêr’t Jo noait wer oan tinke,
omdat se Jo út ’e hân fallen binne.
7Ûnder yn it grêf hawwe Jo my lein,
yn tsjusternis en djipten.
8Jo grime leit as in lêst op my,
al jo weagen lieten Jo oer my hinne brûze.
9Jo hâlden myn goekunden fier by my wei,
Jo makken dat se fan my griisden;
opsletten bin ik en kin gjin kant út.
10Myn eagen tarre wei fan ellinde.
Heare, de hiele dei haw ik oan Jo roppen
en myn hannen nei Jo útstutsen.
11Dogge Jo soms oan deaden in wûnder
of sille skimen ferrize om Jo te loovjen?
12Wurdt yn it grêf fan jo geunst sprutsen,
yn it lân fan ’e ûndergong praat oer jo trou?
13Wurdt yn it tsjuster jo wûndermacht bekend makke,
yn it lân fan ferjit jo gerjochtichheid?
14Mar ik, Heare, ik gûl it út
moarnsier al komt myn gebed Jo temjitte.
15Wêrom, Heare, ferstjitte Jo my
en keare Jo my de rêch ta?
16Fan bern ôf oan sit ik yn it leech,
bin yn noed en myn rie te’n ein.
17Al jo grime sloech oer my hinne,
Jo ferskrikkingen fernielden my,
18de hiele dei besetten se my as wetter
en fan alle kanten besingelen se my.
19Jo lieten freon en buorman fan my ferfremdzje,
tsjusternis is myn goekunde wurden.