Psalmen 87
De lof fan Sion
1Foar de Korachiten. In psalm. In liet.
De stêd dy’t Er stichte op hillige bergen,
dêr hâldt de Heare fan;
2fan Sions poarten mear
as fan alle wensteden fan Jakob.
3Pryslike dingen wurde ferteld
fan dy, o stêd fan God.
4Ik rekkenje Rahab en Babel ta myn kunde,
ja sels Filistéa en Tyrus mei Etiopië,
as wienen se dêr berne.
5Mar fan Sion sizze se:
Elk foar oar is dêr berne –
Hy, de Heechste leit it foar har fêst.
6De Heare rekkent by it opskriuwen fan ’e folken:
Dy en dy is dêr berne.
7De sjongers mei de dûnsers
allegearre sjonge se fan dy!
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap