Unbetroubere rjochters
1Foar de dirigint. Op: Ferdjer net. Fan David. In gouden liet.
2Sprekke jim, godliken, wier wol rjocht?
Beoardielje jim de minsken wol suver?
3Nee, yn jim hert smeie jim ûnrjocht op ierde
en jimme hannen wage geweld út.
4Fan memme skurte ôf binne de ferkearden al dwers,
fan ’e berte ôf dwale de ligers.
5Har fergif liket wol slangefergif,
as fan in dove njirre, dy’t it ear ticht hâldt,
6dy’t net harket nei it lûd fan ’e belêzer,
net iens fan in kundige beswarder.
7God, brek har de tosken út ’e mûle,
raam it gebyt fan ’e liuwen stikken, Heare.
8Lit har rane en weirinnend wetter wurde,
wilich as ferwâde gers,
9as in slak dy’t yn syn spoar ferslimet,
as in misdracht, dy’t de sinne noait sjen sil.
10Ear’t jimme potten de gloede fan toarnstrûken fiele,
– griene of toarre –
mei de stoarm har ferstruie.
11De rjochtfeardige sil bliid wêze,
as er sjocht dat God wraak nimt.
Mei de fuotten sil er baaie yn it bloed fan ’e ferkearde.
12De minsken sille sizze:
Der is dochs noch lean foar de rjochtfeardige,
der is dochs in God dy’t rjocht docht op ierde.