Yn it skaad fan jo wjukken
1Foar de dirigint. Op: Ferdjer net. Fan David. In gouden liet.
2Doe’t er foar Saul ûntwyk socht yn in hoale.
Genede, o God, genede foar my,
want by Jo sykje ik ûntwyk;
yn it skaad fan jo wjukken wol ik skûlje
oant it gefaar foarby is.
3Ik rop oan God, de Heechste,
oan God, dy’t it foar my opnimt.
4Mocht Hy dy’t myn oanfaller ferget,
útrêding fan ’e himel stjoere;sela
mocht God syn geunst en trou beskikke.
5Ik moat my deljaan tusken liuwen,
dy’t roppich binne nei minskefleis.
Har tosken binne spearen en pylken,
har tonge is in flymskerp swurd.
6Lit jo heechheid, o God, fier boppe de himel rize,
jo gloarje mei de hiele ierde omfiemje.
7Foar myn fuotten hawwe se in net spand,
har eigen foet is deryn bestrûpt.
Lyk foar my hawwe se in kûle groeven,
sels binne se der middenyn fallen.
8Myn hert hat rêst, o God,
myn hert is fêst;
ik sil sjonge en spylje.
9Kom, myn gloarje,
kom, liere en harpe;
ik wol it moarnsread wekker sjonge.
10Ik wol Jo loovje, Hear, by de folken,
by de naasjes Jo besjonge.
11Want heech as de himel is jo geunst,
oan ’e wolken ta is jo trou.
12Lit jo heechheid, o God, fier boppe de himel rize,
jo gloarje mei de hiele ierde omfiemje.