De Heare is tige te priizjen
1In liet. In psalm. Foar de Korachiten.
2Grut is de Heare en tige te priizjen
yn ’e stêd fan ús God.
3Syn hillige berch, dy sierlike hichte,
is in freugde foar de hiele ierde.
De Sionsberch, de hege noardkant,
is de stêd fan in grut kening.
4God hat him yn har sterke bouwurken
kenne litten as in sterke stins.
5Want sjoch, keningen keppelen gear
en kamen oer de grinzen,
6mar se seagen net op, of se bestoaren it,
ferbjustere spilen se de wyk;
7beving befong harren dêr,
bangens as fan in bernjende frou;
8krekt as hie de eastewyn
Tarsjisjfarders teplettere.
9Sa’t wy al heard hienen,
seagen wy it no sels
yn ’e stêd fan de Heare Almachtich,
de stêd fan ús God,
dy’t Hy foar ivich fêstset hat.
10Wy betinke jo genede
binnen yn jo timpel.
11Likegoed as jo namme, o God,
rikt jo lof oan ’e ein fan ’e ierde ta.
12De Sionsberch is bliid,
de stêden fan Juda jubelje
om jo oardielen.
13Rin om ’e Sion hinne,
tel syn tuorren,
14nim syn bolwurken goed op,
meunsterje syn hechte bouwurken,
en ferhelje dan de jongerein:
15Hjir is no God,
foar ivich en altyd ús God;
Hy sil ús liede oan ’e dea ta.