God is ûntsachlik
1Foar de dirigint. Foar de Korachiten. In psalm.
2Folken allegearre, klap yn ’e hannen,
sjong God ta mei lûd gejubel.
3Want de Heare, de Heechste, is ûntsachlik,
in grut kening is Hy oer de hiele ierde.
4Folken makket Er foar ús lytsman,
naasjes leit Er ús ûnder de fuotten.
5Hy hat dit erfskip foar ús útkeazen,
de gloarje fan Jakob
dêr’t Hy it mei hâldt.
6God is opfearn ûnder gejubel,
de Heare ûnder lûd bazúnjen.
7Sjong foar ús God, ja sjong,
sjong foar ús Kening, ja sjong.
8Want kening oer de hiele ierde is God,
sjong foar Him in keunstich liet.
9God is kening wurden oer de folken,
God hat him set op syn hillige troan.
10De eallju fan ’e folken binne gearkommen
as it folk fan Abrahams God,
want de machtigen op ierde binne God sines;
heech ferheven is Hy.