Psalmen 3
Klacht yn ’e moarntyd
1In psalm fan David. Doe’t er flechtsje moast foar syn soan Absalom.
2O Heare, hoe machtich binne myn tsjinstanners,
hoe machtich dy’t tsjin my opsteane,
3hoe machtich dy’t fan my sizze:
Foar him is gjin help by God te krijen ...sela
4Mar Jo, Heare, binne in skyld om my hinne,
myn gloarje en dy’t my de holle optilt.
5Lûd rôp ik oan ’e Heare.
Hy joech my antwurd fan syn hillige berch.sela
6Ik joech my del en foel yn ’e sliep
en waard wer wekker, om’t de Heare my bystiet.
7Ik bin net bang fan tsientûzen man
dy’t har fan alle kanten tsjin my opstelle.
8Oerein, Heare! Rêd my, myn God!
Jo joegen ommers al myn fijannen de kaakslach,
Jo brutsen dy ferkearden de tosken.
9Fan de Heare komt de help.
Mei jo segen oer jo folk komme.sela
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap