God en syn Messias
1Wêrom binne de folken sa rebelsk,
meitsje de naasjes plannen-fan-neat,
2stelle de keningen fan ’e ierde har op,
spanne de machthawwers gear
tsjin de Heare en syn Messias:
3Lit ús har bannen brekke,
har stringen ôfstrûpe!
4Dy’t yn ’e himel wennet, laket,
de Hear slacht de spot mei har.
5Mar aanst sprekt Er tsjin har yn grime,
yn syn lilkens ferbjusteret Er har:
6Iksels haw dochs myn kening salve
op Sion, myn hillige berch.
7Lit my ferhelje de machtiging fan de Heare.
Hy hat sein: Myn soan bisto,
hjoed bin Ik dyn heit wurden.
8Freegje My, dan jou Ik dy folken yn eigendom,
en ierdrykseinen yn besit.
9Meist har tebrizelje mei in stêf fan izer,
har stikkenbruie as diggelguod.
10No dan, keningen, kies de wiiste wei,
nim de warskôging oan, hearskers fan ’e ierde.
11Tsjinje de Heare mei huverjend ûntsach,
tútsje beevjend syn fuotten,
12dat Er net lilk wurdt en jimme ûnderweis omkomme,
– want samar lôget syn grime op.
Hoe gelokkich is elk dy’t ûntwyk fynt by Him.