Psalmen 133
De segen fan de mienskip
1In beafeartsliet. Fan David.
O, wat is it goed,
wat hearlik,
dat bruorren byinoar wenje en it iens binne.
2It is as kostlike oalje op’e holle,
dy’t deldript yn it burd,
yn it burd fan Aäron,
dy’t deldript op ’e seame
fan syn klean.
3It is as dauwe fan ’e Hermon,
dy’t deldript op Sions bergen.
4Want dêr beskikt de Heare de segen,
it libben oant yn ivichheid.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap