God hat Sion begeard
1In beafeartsliet.
Heare, tink oan David,
oan alle muoite dy’t er dien hat,
2hoe’t er de Heare swarde,
Jakobs Geweldige tasizzing die:
3Ik wol net yn myn hûs wenje,
ik wol net op myn rêstbêd lizze,
4ik wol myn eagen gjin sliep gunne
en myn eachslidden gjin slomme,
5ear’t ik in plak foar de Heare fûn haw
en in wente foar Jakobs Geweldige.
6Sjoch, wy hawwe yn Efrata fan ’e arke heard
en him fûn yn it fjild fan Jaär.
7Lit ús dan nei syn wente gean
en bûge foar syn fuotbank:
8Oerein, Heare, nei jo rêstplak ta,
Jo-sels en de arke: teken fan jo macht!
9Jo prysters moatte har klaaie mei gerjochtichheid
en jo geunstelingen moatte jubelje,
10omwille fan David, jo tsjinstfeint;
wiis him net ôf, jo salvling.
11De Heare hat der David in eed op dien
en Hy komt der net fan werom:
Fan dyn bloedeigen soannen
sil Ik ien op dyn troan sette,
12en as dyn bern har oan myn ferbûn hâlde,
oan de útspraken, dy’t Ik har lear,
dan sille ek har bern wer
foar altyd op dyn troan sitte.
13Ja, de Heare hat Sion foar kar nommen,
Hy hat it as syn went begeard en sein:
14Dit is foar altyd myn rêstplak,
hjir wol Ik wenje, want Ik haw it begeard.
15Altyd sil Ik Sion segenje mei iten en drinken
en syn earmen sêd brea jaan.
16Syn prysters sil Ik klaaie mei heil
en syn geunstlingen sille lûd jubelje.
17Hjir lit Ik Davids macht oanwinne,
hjir haw Ik myn salvling in lampe delset.
18Syn fijannen sil Ik klaaie mei skande,
mar him sil de kroan op ’e holle blinke.