Net boarchstean foar in oar
1Myn soan, asto boarch wurden bist foar dyn neiste,
de hânslach jûn hast foar in frjemd,
2asto bûn bist troch dyn eigen wurden
en fongen yn dyn eigen beloften,
3doch dit dan dochs, myn soan, om dy te rêden,
– want do bist yn ’e macht fan dyn neiste rekke –
meitsje datst by him komst en bestoarmje dyn neiste,
4gun dyn eagen gjin sliep
en dyn eachslidden gjin slomme,
5rêd dy as in gazelle út ’e falkûle,
as in fûgel út ’e hân fan ’e fanger.
Net lui wêze
6Do luiwammes, gean nei de eamelders,
sjoch nei har dwaan en wurd wiis.
7Al ha se gjin foarman,
gjin opsichter of gebieder,
8hja meitsje har brea klear yn ’e simmer
en garje har iten yn ’e rispinge.
9Hoelang, luiwammes, bliuwsto lizzen
en wannear silsto út ’e sliep oereinkomme?
10Noch even sliepe, noch even slomje,
noch even bekomme mei de earms oerinoar,
11en de earmoede oerfalt dy as in rover,
de krapte fan brea as in wapene man.
12In dogeneat is it, in man fan neat,
dy’t mei falske praatsjes by de doarren omgiet,
13dy’t fyntsjes knypeaget, mei de foet oanstompt
en tekens jout mei de fingers.
14Hy hat altyd kwea yn it sin,
hy wol ferkeard en siket spul.
15Dêrom komt hommels de ûndergong oer him,
samar ynienen wurdt er tebrutsen; hy is net mear te rêden.
16Dizze seis dingen hatet de Heare,
ja, fan sân hat Er in slimmen ôfgriis:
17grutske eagen, in falske tonge,
hannen dy’t ûnskuldich bloed ferjitte,
18in hert dat heilleaze plannen betinkt,
fuotten dy’t hurd op it kwea tarinne,
19dat in falske getuge leagens op ’en baan bringt
en dat immen stokelet tusken bruorren.
Beskerming tsjin ’e ûntrou
20Myn soan, jou acht op jim heite gebod
en fersmyt net, wat jim mem dy leard hat.
21Byn it dy aloan op it hert,
knoopje it dy fêst om ’e hals.
22It mei dy liede, asto ûnderweis bist,
de wacht hâlde, asto dy deljoust,
dy tasprekke, asto wekker wurdst.
23Want it gebod is in lampe en it ûnderrjocht in ljocht,
en tucht dy’t te plak set, is in wei nei it libben.
24It sil dy bewarje foar de frou fan in oar,
foar de glêde tonge fan in ûnbekende.
25Lit dyn hert har moaiens net begeare
en lit se dy mei har eachteisters net fange.
26Want in hoer is te krijen foar de priis fan in brea,
mar in troude frou is it te dwaan om dyn skoander libben.
27Kin immen fjoer yn ’e mantel drage
sûnder dat syn klean ferbaarne?
28En kin immen op gleone koallen rinne
sûnder dat er him de fuotten skroeit?
29Sa giet it de man, dy’t him ôfjout mei de frou fan syn neiste:
elk dy’t har oanrekket kriget syn straf.
30In dief wurdt dochs ek ferachte, as er stelt
om syn mage fol te krijen as er honger hat?
31As er betrape wurdt, moat er it sândûbel fergoedzje
en al wat er yn ’e hûs hat, moat er jaan.
32Mar dy’t mei in troude frou oerhoer docht, is syn ferstân kwyt;
wa’t himsels de dea dwaan wol, docht soks;
33hy hellet him skea en skande op ’e hals
en de minne namme rekket er net wer kwyt.
34Want jaloerskens makket in man alhiel breinroer,
op ’e dei fan ’e wraak sil er neat mije,
35hy nimt gjin soenjild oan
en jout net ta, al biedsto noch safolle.