Pas op foar de frjemde frou
1Myn soan, jou acht op myn wysheid,
hâld dyn ear nei myn ynsjoch,
2datsto acht jaan meist op oerlis
en dyn lippen kennis bewarje meie.
3Want de lippen fan ’e frjemde frou drippe fan hunich
en har ferwulft is glêder als oalje,
4mar op it lêst is se bitter as galle
en skerp as in twasnedich swurd.
5Har fuotten geane del nei de dea,
har stappen hâlde oan op it deaderyk.
6Om ’t se gjin weet hat fan it paad nei it libben,
binne har gongen ûnwis, sûnder dat jo der erch yn hawwe.
7No dan, soannen, harkje nei my,
wyk net ôf fan wat ik sis.
8Hâld dyn wei fier fan har ôf
en kom de doar fan har hûs net bynei,
9datsto dyn eare net oan oaren joust
en dyn skoandere jierren oan ien dy’t gjin meilijen hat,
10dat frjemden dyn fermogen net opmeitsje
en dyn soerfertsjinne winst yn oarmans hûs komt,
11sadatsto it by einsluten útgûle moatst,
as dyn liif en dyn fleis weitarre
12en do seist: ‘O, hoe haw ik de tucht haatsje kinnen
en hoe hat myn hert de fermoanning sa fersmite kinnen?
13Wêrom haw ik net harke nei de stim fan myn learmasters
en it ear net hâlden nei dy’t my ûnderrjocht joegen?
14No bin ik alhiel yn ’t ûngelok
troch it oardiel fan gemeente en gearkomste.’
15Drink do reinwetter út dyn eigen bak
en welwetter út dyn eigen boarne.
16Moatte dyn wellen dan oerstreame oer de strjitte
en dyn bakken oer de pleinen?
17Nee, se binne ommers fan dy allinne
en net fan frjemden njonken dy.
18Dyn eigen boarne mei segene wêze,
ja, wês bliid mei de frou út dyn jonkheid,
19dy leaflike ree, dy oanfallige gems;
lit har boarsten dy altyd dronken meitsje
en berûzje dy altyd wer oan har leafde.
20Wêrom soesto dy berûzje, myn soan, oan in frjemde frou,
in ûnbekende de boarsten streakje?
21Foar de Heare lizze de wegen fan alle minsken bleat,
Hy hifket al har gongen.
22De sûnder wurdt fongen troch syn eigen ûngerjochtichheden,
yn ’e stringen fan it kwea rekket er sels betize.
23Hy stjert, om’t er net om sizzen jaan wol,
troch syn grutte dwaasheid rekket er op ’e doele.