Warskôging foar kening Lemûel
1Wurden foar Lemûel, kening fan Massa, dêr’t syn mem him mei warskôge hat.
2Wat sil ik sizze, myn soan
en wat, soan dy’t ik droegen haw
en wat, soan dêr’t ik beloften foar dien haw?
3Jou dyn fermogen net wei oan ’e froulju
en haw gjin omgong mei harren dy’t sels keningen yn it ferdjer bringe.
4Dat komt net te pas foar keningen, Lemûel!
It komt net te pas foar keningen om wyn te drinken
en foarsten moatte net slij wêze nei sterke drank.
5Oars ferjitte se drinkendewei de foarskriften
en ferdraaie se it rjocht fan allegear dy’t yn ’t near sitte.
6Jou de sterke drank mar oan dy’t faai binne,
en de wyn oan minsken mei in bitter leed.
7Drinkendewei ferjitte se har earmoed
en tinke net mear oan har soargen.
8Doch de mûle op foar ien, dy’t neat te sizzen hat
en foar it rjocht fan elk, dy’t weikwynt.
9Doch de mûle op, oardielje rjocht
en nim it op foar de ellindige en earme lju.
De flinke frou
10In flinke frou, wa sil har fine?
Har wearde giet dy fan kralen fier te boppe.
11Har man lit it alhiel op har oankomme
en it stiet him net oan gewin.
12Hja docht him goed en gjin kwea
al har libbensdagen.
13Hja is dwaande mei wol en flaaks
en wurket mei warbere hannen.
14Krekt as de skippen fan ’e keapman
sa hellet se har iten omfierrens.
15Hja komt der al ôf, as it noch nacht is,
set it iten klear foar har húshâlding
en hjit de fammen har wurk.
16Set se har sin op in stik lân, dan krijt se’t,
fan ’e opbringst fan har hannen leit se in druvehôf oan.
17Mei krêft lûkt se de mulbân stiif
en hja stekt de hannen út ’e mouwen.
18Hja past op dat de húshâlding goed rint,
sels by nacht giet har lampe net út.
19De hannen slacht se oan ’e spinpiip
en har hânpalmen hâlde de weefspoel beet.
20Har hânpalm giet iepen foar de ellindige
en de hân stekt se út foar de earme.
21Om it hûs is hja net bang foar snie,
want har hûs is alhiel dûbel dutsen.
22Hja makket har eigen tekkens
en fyn linnen en poarper is der foar de klean.
23Har man is bekend yn ’e poarten,
dêr’t er in sit hat by de âldsten fan it lân.
24Hja makket ek klean foar de hannel
en hja leveret de keapman mulbannen.
25Krêft en gloarje is hja mei klaaid
en hja laket om de kommende dei.
26Se docht har mûle yn wysheid iepen
en der leit in freonlike rie op har tonge.
27Sa giet se de gong fan har húshâlding nei
en luie-minske-brea yt se net.
28Har soannen komme oerein en winskje har lok,
har man docht itselde en prizet har:
29Flinke froulju binne der by de rûs,
mar do stekst der fier boppe út!
30Oanfalligens is bedroch en kreazens is neat mei neat,
mar in frou mei ûntsach foar de Heare is te priizjen.
31Jou har wat fan ’e opbringst fan har hannen
en litte har dieden har yn ’e poarten priizje.