1De wurden fan ’e Preker, soan fan David, kening te Jeruzalem.
Alles is sûnder doel
2Neat mei neat, seit de Preker,
neat mei neat, it is allegearre neat.
3Wat hâldt in minske oer fan al syn skreppen en skuorren ûnder de sinne?
4It iene geslacht giet en it oare komt
en de ierde bliuwt altyd mar stean.
5De sinne komt op en de sinne giet ûnder
en hymjend giet er nei it plak dêr’t er wer opkomt.
6De wyn is súd en draait nei noard,
hy draait en hy giet yn it rûn
en draaiendewei blaast er werom.
7Alle beken streame nei de see,
mar de see rekket nea net fol;
nei it plak dêr’t de beken hinne streame,
dêr streame se altyd wer hinne.
8Alle dingen meitsje sa wurch,
gjinien kin se allegear neame.
It each rekket net útsjoen
en it ear net útharke.
9Wat der wie, it sil der wer wêze,
wat dien is, wurdt altyd wer dien;
ûnder de sinne is neat gjin nijs.
10Seit ien fan in ding:
Sjoch, wat nijs!
– it wie der al lang yn ’e tiden dy’t fier foar ús west ha.
11Oan ’e minsken fan eartiids wurdt net mear tocht,
ek oan ’e minsken, dy’t neitiid komme,
sil net mear tocht wurde
troch de lju dy’t der letter wer binne.
Underfining mei de wysheid
12Ik, de Preker, wie kening
oer Israel te Jeruzalem.
13Ik lei my derop út om te ûndersykjen
en mei wysheid nei te gean
wat der allegearre bart ûnder de himel.
It is in slim moedsum wurk, dat God jûn hat
oan ’e minskebern om har dêrmei te pinigjen.
14Ik seach wat der allegearre ûnder de sinne dien waard
en sjoch, it is allegearre neat
en jacht meitsjen op ’e wyn.
15Wat krom is, kin net rjocht wurde,
en wat der net is, kin net meiteld wurde.
16Ik tocht by mysels:
Sjoch, ik haw wysheid fûn, mear en riker
as elk dy’t foar my te Jeruzalem regearre hat
en myn hert hat gâns wysheid en wittenskip opdien.
17Doe’t ik my derop útlei wysheid en wittenskip,
dwaasheid en ûnferstân kennen te learen,
doe bin ik gewaar wurden:
dat is ek jacht meitsjen op ’e wyn.
18Dêr’t gâns wysheid is, is gâns fertriet
en hoemear wittenskip, hoe mear leed.