1Immen kin beare dat er bûten skot bliuwe wol,
en dochs rûzje meitsje om dingen fan neat.
2De dwaas jout neat om ynsjoch,
hy wol allinnich mei syn miening pronkje.
3Mei de minne died komt ek de minachting
en mei de skandedied de skande.
4Nuodlike djipten binne de wurden yn ’e mûle fan in man,
mar de boarne fan ’e wysheid is in brûzjende beek.
5It is net goed om de sûnder foar te lûken
en om de rjochtfeardige by de rjochtspraak achterút te setten.
6De lippen fan ’e dwaas sykje rûzje
en syn mûle ropt om stokslaggen.
7De mûle fan ’e dwaas is syn eigen ûndergong,
en syn lippen binne in falstrik foar syn libben.
8De wurden fan in rabber binne as swietekau,
se sakje djip yn it lichem del.
9Dy’t sleau is yn syn wurk, is al in broer fan ’e fernieler.
10De namme fan de Heare is in sterke toer;
de rjochtfeardige giet deryn en is feilich.
11It besit is foar de rike man in sterke stêd
en in hege muorre gelyk – teminsten, dat tinkt er.
12De heechhertige minske komt te fallen,
mar de needrige hellet eare yn.
13Dy’t antwurd jout ear’t er harket
is in dwaas en moat him skamje.
14Kriich hâldt in sike der boppe-op,
mar in swiersettige geast, wa sil dy opfleurje?
15It hert fan in ferstannige wint kennis
en it ear fan ’e wize siket derom.
16It geskink makket romte foar in minske
en it jout him tagong by de grutte lju.
17It liket dat de earste yn in pleitsaak gelyk hat,
mar dan komt de oare partij en hifket him.
18It lot makket in ein oan strideraasjes
en bringt in beslissing tusken machtigen.
19In ferûngelike broer jout noch minder belies as in sterke stêd
en rûzjes binne like sterk as de skoattels fan in stins.
20Fan wat er mei de mûle fertsjinnet, kriget immen de mage fol
en fan ’e opbringst fan syn lippen wurdt er sêd.
21Dea en libben lizze yn ’e macht fan ’e tonge
en dy’t dêroan tajout, sil de gefolgen ûnderfine.
22Dy’t in frou fûn hat, hat wat goeds fûn
en de geunst wûn fan de Heare.
23De earme brûkt wol smeekjende wurden,
mar de rike jout wrede antwurden.
24In mannichte freonen kin jins ûngelok betsjutte,
mar faak ek is in freon jin neier as in broer.