1Better in droech stik brea en dêr rêst by
as in hûs fol offerspizen mei kreauwerij.
2In ferstannige feint hat mear te sizzen as in ûntaarde soan;
hy sil mei de bruorren it erfskip parte.
3De smeltkûpe is foar it sulver en de smeltoven foar it goud,
mar dy’t de herten lotteret, is de Heare.
4In dogeneat harket nei in falske lippe
en in leagener heart nei in ferdjerlike tonge.
5Wa’t de gek mei in earme hat, ferhunet syn Skepper,
en wa’t nocht hat oan in oar syn ûngelok, sil syn straf net ûntgean.
6Bernsbern binne de kroan fan ’e âlderdom
en foarfaars de eare fan ’e bern.
7As treflik praat net past by in dwaas,
hoe folle minder leagen by in man fan oansjen.
8In omkeapgeskink is foar de besitter in toverstien:
oeral dêr’t er hinnegiet, rint it him mei.
9Dy’t in sûnde tadekt, siket om leafde,
mar dy’t in kwestje wer ophellet, bringt ferwidering tusken freonen.
10Ien fermoanning makket djipper yndruk op de ferstannige
as hûndert stokslaggen op in dwaas.
11In kweaminske set altyd de hoarnen yn ’e wâl,
mar der sil in wrede boade op him ôfstjoerd wurde.
12Jo kinne better in bearinne tsjinkomme, dy’t de jongen ûntset binne,
as in domkop yn syn dwaasheid.
13Wa’t goed mei kwea ferjildt –
dy syn hûs sil noait frij fan rampen wêze.
14It begjin fan tsierderij is krekt as wetter dat losbrekt;
jou dy dêrom ôf, ear’t de striid begjint.
15In skuldige frijprate en in rjochtfeardige feroardielje,
dy beide hat de Heare in ôfgriis fan.
16Wêr tsjinnet jild foar yn ’e hân fan in dwaas;
om wysheid te keapjen, wylst er doch gjin ferstân hat?
17In echte freon hâldt fan jin ûnder alle omstannichheden
en in broer wurdt yn ’e need berne.
18It is in ûnferstân, dy’t de hânslach jout
en boarch wurdt foar syn neiste.
19Dy’t fan rûzje hâldt, hâldt fan sûnde
en dy’t syn doar heech timmert, beskrept syn eigen ûndergong.
20Ien mei in ferkeard hert fynt it goede net
en dy’t in falske tonge hat, falt yn ’t ferdjer.
21Dy’t in domkop te wrâld bringt, sil leed ûnderfine,
en in heit kin net bliid wêze mei in dwaze soan.
22In blier sin docht it lichem goed,
mar swiersettigens makket dat de bonken útdroegje.
23In ferkearden-ien nimt in omkeapgeskink oan
om de paden fan it rjocht krom te meitsjen.
24De ferstannige hâldt de wysheid yn it each,
mar de eagen fan in dwaas dwale wech-ende-wear.
25In dwaas bern is in argewaasje foar syn heit
en in hertsear foar har dy’t him te wrâld brocht hat.
26In rjochtfeardige yn ’e boete slaan is al net goed,
mar lju fan oansjen kastije is bûten alle roai.
27Dy’t syn wurden sparret, wit wat er docht
en dy’t kalm bliuwt is in ferstannich man.
28Sels in dwaas kin foar wiis trochgean, as er swijt,
en ferstannich achte wurde, as er de lippen opinoar hâldt.