1It wie yn it twadde jier nei de úttocht fan ’e Israeliten út Egypte, op ’e earste dei fan ’e twadde moanne, dat de Heare Mozes yn ’e woestyn Sinai oanspriek yn ’e tinte fan ’e moeting. Hy sei: 2Jimme, Aäron en do, moatte yn ’e hiele mienskip fan ’e Israeliten in telling hâlde fan alle manlike persoanen, ien foar ien, 3fan alle tsjinstplichtige mannen yn Israel, fan tweintich jier en âlder, neffens geslachten en famyljes. Jim moatte se telle neffens de ôfdielings dêr’t se by hearre. 4Fan elke stam moat ien man jim helpe, in famylje-haad.
5Dit binne de nammen fan ’e mannen dy’t jim helpe moatte: foar Rûben: Elisûr, soan fan Sjedeûr; 6foar Simeön: Sjelûmiël, soan fan Sjûrisjaddai; 7foar Juda: Nachsjon, soan fan Amminadab; 8foar Issaskar: Netanel, soan fan Sûar; 9foar Sebûlon: Eliab, soan fan Chelon; 10foar de soannen fan Joazef: foar Efraïm: Elisjama, soan fan Ammihûd en foar Manasse: Gamliël, soan fan Pedasûr; 11foar Benjamin: Abidan, soan fan Gidony; 12foar Dan: Achiëzer, soan fan Amisjaddai; 13foar Azer: Pagiël, soan fan Okran; 14foar Gad: Eljasaf, soan fan Deûël; 15foar Naftaly: Achira, soan fan Enan. 16Dat binne de mannen dy’t de mienskip oanwiisd hat, foaroansteanden yn ’e stammen fan har foarfaars wienen it, haden fan tûzenskippen yn Israel.
17Mozes en Aäron namen de mannen dy’t by namme en tanamme oanwiisd wienen 18en rôpen de hiele mienskip yn gearkomste byinoar op ’e earste dei fan ’e twadde moanne. Alle persoanen fan tweintich jier en âlder waarden ien foar ien teld neffens har geslachten en famyljes. 19Sa telde Mozes harren, krekt sa’t de Heare him yn ’e woestyn Sinai hjitten hie. 20De ôfstammelingen fan Rûben, Israel syn earstlingssoan: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 21dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Rûben, wienen 46.500. 22De ôfstammelingen fan Simeön: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 23dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Simeön, wienen 59.300. 24De ôfstammelingen fan Gad: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 25dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Gad, wienen 45.650. 26De ôfstammelingen fan Juda: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 27dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Juda, wienen 74.600. 28De ôfstammelingen fan Issaskar: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 29dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Issaskar, wienen 54.400. 30De ôfstammelingen fan Sebûlon: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 31dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Sebûlon, wienen 57.400. 32Fan Joazefs soannen: de ôfstammelingen fan Efraïm: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 33dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Efraïm, wienen 40.500. 34De ôfstammelingen fan Manasse: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 35dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Manasse, wienen 32.200. 36De ôfstammelingen fan Benjamin: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 37dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Benjamin, wienen 35.400. 38De ôfstammelingen fan Dan: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 39dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Dan, wienen 62.700. 40De ôfstammelingen fan Azer: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 41dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Azer, wienen 41.500. 42De ôfstammelingen fan Naftaly: har neiteam neffens har geslachten en famyljes, alle manlike persoanen, ien foar ien teld, alle tsjinstplichtige mannen fan tweintich jier en âlder: 43dy’t ynskreaun waarden yn ’e stam Naftaly, wienen 53.400. 44Dat wienen de mannen dy’t Mozes en Aäron telden mei de foaroansteanden fan Israel, tolve man, dy’t har famyljes fertsjintwurdigen. 45It tal Israeliten fan tweintich jier en âlder, alle tsjinstplichtigen yn Israel, dy’t neffens har famyljes teld waarden, 46wie mei-inoar 603.550.
47Mar de Leviten waarden net teld neffens har famyljes, 48want de Heare hie tsjin Mozes sein: 49De stam Levy meisto net telle en har tal net by dat fan de oare Israeliten opnimme. 50Mar set de Leviten oer de tintwenning mei de ferbûnsakte en oer alles wat deryn en derby heart. Dy moatte de tintwenning mei alles wat deryn heart, drage; hja moatte dêr tsjinst dwaan en dêromhinne har kamp opslaan. 51As de tintwenning opbrekt, moatte de Leviten him útinoar nimme; as er yn in legerplak komt, moatte sij him wer yninoar sette. Mar wa’t derby komt sûnder dat er it foech dêrta hat, dy moat deade wurde. 52De ôfdielings fan ’e Israeliten moatte har legerje, elk yn syn eigen kamp en elk by syn eigen findel. 53Mar de Leviten moatte dit dwaan om de tintwenning mei de ferbûnsakte hinne, dat Gods grime net oer de mienskip fan ’e Israeliten komt: sa moatte se de tsjinst by de tintwenning mei de ferbûnsakte waarnimme. 54Dat dienen de Israeliten: krekt sa’t de Heare it Mozes hjitten hie, sa dienen se it.