It ynlossen fan geloften
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sprek de Israeliten ta en sis tsjin harren: As ien de Heare in bysûndere gelofte dien hat oer de wearde fan persoanen, 3dan moatst in manspersoan fan tweintich oant sechstich jier skatte op fyftich sikkel, neffens de hillige sikkel. 4As it in frouspersoan oanbelanget, dan moatst de wearde op tritich sikkel sette. 5Is it ien fan fiif oant tweintich jier, dan silst de wearde fan in jonge op tweintich sikkel sette en fan in fanke op tsien sikkel. 6Is it in bern fan in moanne oant fiif jier, dan moatst de wearde fan in jonkje sette op fiif sulveren sikkel en fan in fanke op trije. 7Jildt it ien fan sechstich jier of âlder, dan moatst de wearde sette op fyftjin sikkel, as it in man, en op tsien sikkel, as it in frou is. 8Is er lykwols te earm foar dy skatting, dan moatte se him foar de pryster delsette en de pryster moat him skatte. Al nei’t it him dy’t de gelofte dien hat, barre mei, sil de pryster him skatte.
9En as it fee is, dêr’t se de Heare in offerjefte fan bringe wolle, dan sil alles dat dêrfan oan de Heare jûn wurdt, hillich wêze. 10Hy mei it net omwikselje of ferruilje, in bêsten foar in minnen of in minnen foar in bêsten. En mocht er it iene stik fee foar in oar omruilje, dan sil dat likegoed hillich wêze as it bist dat ynruile is. 11As it ien of oar ûnrein bist oangiet, dêr’t de Heare gjin offerjefte fan brocht wurde mei, dan sil er dat bist foar de pryster delsette. 12De pryster sil it dan skatte nei’t it goed of min is, en sa’t de pryster it skat hat, dêr komt it op te stean. 13Mar wol er it sels wer loskeapje, dan moat er in fyfte part oer de skatting hinne jaan.
14As immen syn hûs oan de Heare wijt as wat hillichs, dan sil de pryster it skatte nei’t it goed of min is. En sa’t de pryster it skat hat, op dy priis komt it te stean. 15As hy dy’t it wijd hat, syn hûs loskeapje wol, dan moat er in fyfte part fan ’e skatte waarde dêr oerhinne jaan en dan is it sines wer.
16En as ien de Heare in stik lân út syn erfbesit wijt, dan moat it skat wurde neffens it sied dat dêryn moat: in chomer koarnsied op fyftich sulveren sikkel. 17As ien syn stik lân út syn erfbesit fan it jubeljier ôf wijt, dan sil dy skatting fêststean. 18Mar as hy it nei it jubeljier wijt, dan sil de pryster de wearde beoardielje neffens de oerbleaune jierren oan it oare jubeljier ta en dat sil dan fan de skatting ôflutsen wurde. 19Wol hy dy’t it stik lân wijd hat, it loskeapje, dan moat er in fyfte part oer de skatte wearde hinne jaan en dan wurdt it sines wer. 20As er it stik lân net loskeapet, mar oan in oar ferkeapet, dan sil er it net mear loskeapje kinne. 21Mar sa gau it yn it jubeljier frij komt, sil it oan de Heare wijd wêze as lân dêr’t de ban op leit. It sil yn it besit fan ’e pryster komme.
22As er de Heare in stik lân wijt dat er kocht hat, dat net ta syn erfbesit heart, 23dan sil de pryster it bedrach fan ’e skatting berekkenje oan it jubeljier ta. Hy moat dan dyselde deis de skatting oan de Heare as wijde jefte betelje. 24Yn it jubeljier komt dat stik lân wer oan him fan wa’t er it kocht hat, dy’t it lân yn erfbesit hie.
25Elke skatting sil dien wurde yn de hillige sikkel. In sikkel is tweintich geara. 26De earste jongen fan it fee, dat as earste jong al foar de Heare is, sil gjinien wije kinne. Oft it in kobist of in skiep oanbelanget: it is fan de Heare. 27Is it in ûnrein stik fee, dan kin er it frijkeapje foar de skatte wearde en dêr noch in fyfte part oerhinne dwaan. Wurdt it net loskocht, dan moat it foar de skatte wearde ferkocht wurde.
28Neat fan alles lykwols, dat ien troch de ban oan de Heare wijd hat, fan alles dat sines is, oft it in minske is of in stik fee of in stik lân út syn erfbesit, mei ferkocht wurde, en ek net loskocht. 29Gjin minske dy’t ûnder in ban leit, mei frijkocht wurde. Hy moat stjerre.
30It tsiende part fan alles dat it lân oan sied en beamfruchten opbringt, is de Heare sines. It is oan de Heare wijd. 31En as ien al wat fan ’e tsienden loskeapje wol, dan moat er dêr in fyfte part oerhinne dwaan. 32Wat betreft alle tsienden fan kij of lytsfee dat ûnder de hoedersstêf trochgiet: it tsiende part sil oan de Heare wijd wêze. 33De eigener sil der net nei sjen oft it goed of min is, en it net ferruilje. En as er it dochs ferruilet, dan sil datselde en wat ynruile is, de Heare wijd wêze. It mei net loskocht wurde.
Slot
34Dat binne de rjochtsregels foar de Israeliten, dy’t de Heare Mozes hjitten hat op ’e berch Sinai.