Nehemia moat oan kant
1Sanballat, Tobía, Gêsjem en de oare fijannen hearden dêrfan, dat ik de muorre klear hie en alle skuorren derút. Sa net, de doarren sieten doe noch net yn ’e poarten. 2Doe hienen wy dit: Sanballat en Gêsjem, de Arabier, stjoerden my in boadskip: Kom, lit ús ris mei-inoar prate op it plattelân, yn ’e delling Ono. Se wienen fan doel my wat te dwaan. 3Mar ik die har de boade: It is in heikerwei, dêr’t ik mei dwaande bin, dat ik kin net delkomme. Moat it kerwei dan mar stillizze, om’t ik it wurk oerjûn haw om nei jimme ta? 4Hja stjoerden my itselde boadskip wol fjouwer kear, ik joech har hieltyd ek it gelikense boadskip werom. 5De fyfte kears stjoerde Sanballat wer sa’n boadskip, mar diskear kaam in jonge mei in iepen brief yn ’e hân. 6Dêr stie yn: Der wurdt ûnder de befolking grute, en Gasjmû hat it der ek oer, jo en de Joaden binne fan doel om reboelje te meitsjen. Dêrom bouwe jo dy muorre! Jo sille dan kening oer har wurde, sa giet it praat. 7Jo hawwe ek profeten oansteld om yn Jeruzalem útspraken te dwaan: Der is in kening yn Juda! No, sokke wurden sille troch de kening wol opheind wurde! Hawar, sille wy ús dêr mei inoar net ris oer beriede? 8Mar ik stjoerde him boadskip: Der is neat fan oan fan wat jo sizze, it binne mar optinksels fan josels! 9Hja besochten fansels allegearre om ús bang te meitsjen en tochten: Sa sille de hannen har slop wurde en komt it wurk net klear.
– No dan, meitsje my de hannen dochs sterk!
In fyn ynleine streek
10Ik wie yn ’e wente kommen fan Sjemaja, de soan fan Delaja, de soan fan Mehétabel; hy hie himsels opsletten. Hy sei: Lit ús yn it hûs fan God, binnen yn ’e timpel, byinoar komme en dan de doarren fan ’e timpel op slot, want se komme om jo dea te slaan; by nacht komme se om jo dea te slaan! 11Mar ik sei: Ik útnaaie? En sa’n ien as ik yn it hillichdom komme en dochs yn it libben bliuwe? Ik kom net! 12It wie my wol klear: God hie him net stjoerd. It siet sa: Tobía en Sanballat hienen him omkocht om my soks te profetearjen. 13Hy wie omkocht mei it doel dat ik benaud wurde soe. Dan soe ik soks úthelje, my dêrmei besûndigje en koenen se my op in kweanamme bringe. Se koenen my dan omraak húnje.
14Tink, myn God, om Tobía en Sanballat en doch har neffens wat se útheefd hawwe! Ek om Noädja, de profetes en de oare profeten, dy’t my bangmeitsje woenen.
15Mar de muorre kaam klear op ’e fiifentweintichste fan Elûl yn twaënfyftich dagen. 16Doe’t al de fijannen dat hearden en de heidenen om ús hinne kjel waarden, seagen se dat sels as in rare tebeksetter. Se waarden it gewaar: dit wurk wie mei help fan ús God dien. 17Yn dy dagen hawwe ek hege lju fan Juda wit hoefolle brieven opmakke foar Tobía en dy fan Tobía kamen wer by har. 18Der wienen nammentlik yn Juda party dy’t mei in eed oan him fêst sieten, want hy wie in skoansoan fan Sjekanja, de soan fan Arach. En syn soan Jochanan wie troud mei de dochter fan Mesjûllam, de soan fan Berekja. 19As ik derby wie, bearden se fan ’e goede dingen, dy’t er die. Wat ik sei, brochten se oan him oer. Tobía fan syn kant stjoerde brieven om my yn ’e lytse loege te krijen.