De gelikenis fan it ferlerne skiep
1Fakentiden kamen de tolgarders en oare sûnders by Him om Him te hearren. 2De Fariseeërs en learaars seinen prottelich: Dat hellet mar sûnders oan en yt mei harren.
3Mar Hy fertelde harren dizze gelikenis: 4Wa fan jimme, dy’t hûndert skiep hat en der ien fan kwytrekket, lit net de oare njoggenennjoggentich yn ’e woestyn achter en siket net krekt sa lang om it ferlerne skiep, dat er it fynt? 5En as er it fynt, leit er it bliid oer it skouder, 6en as er thúskomt, ropt er freonen en buorlju byinoar en seit: Wês bliid mei my, want ik haw it skiep dat ik kwyt wie, weromfûn.
7Sa, sis Ik jimme, sil der mear blydskip wêze yn ’e himel om ien sûnder dy’t him bekeart, as om njoggenennjoggentich bêste minsken dy’t gjin bekearing brek binne.
De gelikenis fan ’e ferlerne drachme
8Of wat frou dy’t tsien drachmen hat, sil net, as se der ien fan kwytrekket, de lampe opstekke, de flier oanfeie en alles ôfsykje, oant se dy drachme fynt? 9En as se dy fynt, ropt se goekunde en de buorfroulju byinoar en seit: Wês bliid mei my, want ik haw de drachme weromfûn, dy’t ik kwyt wie. 10Sa, sis Ik jimme, sil der blydskip wêze by Gods ingels om ien sûnder dy’t him bekeart.
De gelikenis fan ’e ferlerne soan
11Fierder fertelde Er: Der wie ris in man, dy hie twa soannen. 12No sei de jongste tsjin syn heit: Heit, jou my myn part fan it besit. Doe ferparte de heit syn eigendom ûnder harren. 13En it duorre net lang mear, of de jongste pakte alles byinoar en reizge nei in lân, fier fan hûs. Dêr brocht er al syn hawwen en hâlden dertroch mei in los libben.
14Doe’t er alles dertroch jage hie, kaam der in slimme hongersneed yn dat lân en hy krige it tige krap. 15Doe ferhierde er him by ien fan ’e lju yn dy kontrei. Dy stjoerde him it fjild yn om op ’e bargen te passen. 16Hy woe de mage wol fol tropje mei de hulen dy’t de bargen krigen, mar gjinien joech him wat.
17Doe betocht er him en sei by himsels: Hoefolle fan ús heit syn arbeiders hawwe net brea by ’t soad, en ik fergean hjir fan ’e honger. 18Kom, ik gean nei ús heit ta en sis tsjin him: Heit, ik haw mis west foar God en foar heit oer, 19ik bin net mear wurdich heit syn soan neamd te wurden. Behannelje my as ien fan heit syn arbeiders.
20Doe sette er de stap nei syn heit ta. De heit seach him fan fierren al oankommen. It begrutte him sa, dat hy fleach him temjitte, foel him om ’e hals en tute him. 21De soan sei tsjin syn heit: Heit ik haw mis west foar God en foar heit oer. Ik bin net mear wurdich heit syn soan neamd te wurden.
22De heit lykwols sei tsjin de feinten: Bring gau de bêste klean en doch him dy oan. Sko him in ring om ’e finger en jou him sandalen oan ’e fuotten. 23Helje it mestkeal, slachtsje it, en lit ús lekker ite en feestfiere, 24omdat dizze jonge fan my dea wie en no wer libben wurden is, ferlern wie en no wer fûn is.
25Doe begûnen se te feestfieren. De âldste soan wie it lân yn. Doe’t er wer op hûs oan gong en tichterby kaam, hearde er muzyk en dûnsjen. 26Hy rôp ien fan ’e feinten en frege, wat der te rêden wie. 27Dy sei, jo broer is weromkommen en jim heit hat it mestkeal slachtsje litten, omdat er him sûn en wol weromkrige hat.
28Doe waard de âldste soan nidich en woe net yn ’e hûs. Syn heit gong nei bûten ta om him deryn te roppen,
29mar hy sei tsjin syn heit: Safolle jierren arbeidzje ik al foar jo en noait haw ik wegere te dwaan, wat jo my hieten, mar noch noait haw ik in bokje krige om mei myn maten feest te fieren. 30Mar no’t dy soan fan jo weromkommen is, dy’t jo besit der mei huorkjen trochjage hat, no litte jo foar him it mestkeal slachtsje.
31Mar de heit sei: Jonge, do bist altiten by my, en al wat mines is, is dines ek.
32Wy moasten wol feestfiere en bliid wêze: dyn broer wie dea en is wer libben wurden, hy wie ferlern en is weromfûn.