In man mei wettersucht wurdt better makke
1Doe’t Er op sabbat by ien fan ’e foarmannen fan ’e Fariseeërs te iten kaam, hâlden se Him skerp yn it each. 2Samar stie dêr in man foar Him, dy’t wettersucht hie. 3Jezus spriek de wetgelearden en Fariseeërs oan en sei: Mei men op sabbat minsken better meitsje of net? 4Se seinen gjin stom wurd. Doe lei Er him de hân op, makke him better en liet him fuortgean.
5En Hy sei tsjin harren: As in soan of in okse fan ien fan jimme yn in dobbe rekket, wa fan jimme hellet him der dan net op slach út, al is it ek sabbat? 6Dêr koenen se neat op werom sizze.
In les foar gasten en in gasthear
7Doe’t Er murk, hoe’t de lju dy’t útnoege wienen, de foarnaamste plakken útsochten, hâlde Er harren dizze gelikenis foar. Hy sei: 8As jo troch ien op ’e brulloft noege binne, gean dan net flak foaroan sitten. It soe wêze kinne, dat ien dy’t foarnamer is as jo, útnoege wie, 9en dat de man dy’t jo en him útnoege hat, by jo komt en seit: Jou him dat plak. En dan sille jo beskamme hielendal achteroan sitte moatte.
10Nee, as jo útnoege binne, gean dan achteroan sitten, dat de man dy’t jo noege hat, tsjin jo sizze kin: Freon, kom hegerop. Dêr sille jo eare mei winne by alle oare gasten. 11Want elk dy’t himsels ferheget, sil ferlege, en dy’t himsels ferleget, sil ferhege wurde.
12Tsjin de man dy’t Him útnoege hie, sei Er: As jo middeis of jûns lju te gast freegje, noegje dan net jo freonen, bruorren, famylje en rike buorlju. Dy soenen jo weromnoegje kinne en it sa mei jo lykmeitsje. 13Nee, as jo lju te gast freegje, noegje dan de earmen, brekliken, kreupelen en blinen. 14Dan sille jo gelokkich wêze, want dy kinne it net mei jo lykmeitsje. It lean sille jo krije as de goeden út ’e dea ferrize.
De gelikenis fan it grutte feestmiel
15Doe’t ien fan ’e oare gasten dat hearde, sei er tsjin Him: Gelokkich dy’t yn Gods ryk ite sil. 16Mar Jezus sei tsjin him:
Der wie ris in man dy’t in grut gastmiel joech. Hy hie gâns minsken útnoege, 17en stjoerde, doe’t it tiid wie foar it miel, syn feint derop út om de gasten te sizzen: Kom, alles stiet ree.
18Doe hie elkenien in ferlechje. De earste liet sizze: Ik haw in stik lân kocht. Ik moat der perfoarst hinne te sjen, dat ik freegje jo, nim it my net kwea ôf. 19In oarenien sei: Ik haw fiif span oksen kocht. Ik soe der krekt hinne om se te probearjen, dat ik freegje jo, nim it my net kwea ôf. 20Wer in oarenien sei: Ik bin krekt troud. Dêrom kin ik no net komme.
21Doe’t de feint thúskaam, brocht er dat allegearre oan syn hear oer. Dy waard poerlilk en sei tsjin syn feint: Rin gau de stêd yn, troch strjitten en stegen, en bring de earmen, brekliken, blinen en kreupelen hjir byinoar. 22Hear, sei de feint; wat Jo my hjitten hawwe, is dien, en noch is der plak oer. Doe sei de hear tsjin him:
23Rin wegen en binnenpaden lâns, en twing harren om deryn te kommen, want myn hûs moat fol. 24Dit sis Ik jimme: gjinien fan dy’t earst noege wienen, sil myn gastmiel priuwe.
De priis fan it learling wêzen
25Doe’t der wer ris in grutte kloft mei Him oprûn, kearde Er Him om en sei tsjin harren: 26As ien by My komme wol, mar hy stelt My net boppe syn heit en mem, boppe frou en bern, bruorren en susters, ja, net boppe it eigen libben, dan kin er myn learling net wêze. 27Wa’t syn krús net draacht en net achter My oankomt, kin myn learling net wêze. 28Want as men in toer bouwe wol, wa fan jimme set him der dan earst net ta om de kosten te berekkenjen? Dan kin er sjen, oft er de middels wol hat om de ein te heljen. 29It mei him dochs net oerkomme, dat er nei it lizzen fan ’e fûneminten it wurk net dienmeitsje kin en dat alle lju dy’t dat sjogge, de gek mei him hawwe 30en sizze: Dy man is al mei bouwen út ein set, mar hy koe de ein net helje.
31Of wat kening, dy’t derop út wol om tsjin in oare kening slach te leverjen, set him der earst net ta en gean nei, oft er mei tsientûzen man ien dy’t mei tweintichtûzen op him ôfkomt, wol oan kin? 32Kin er dat net, dan stjoert er ommers al gesanten nei de oare kening ta, as dy noch fier ôf is, en freget om frede. 33Sa is it ek mei jimme: Wa’t himsels net losmakket fan alles wat er hat, dy kin myn learling net wêze.
Sâlt sûnder smaak
34Sâlt is in goed ding. Mar as sels it sâlt syn sâltens kwytrekke is, wêr sil men it dan wer goed mei krije? 35Foar grûn noch dongbult doocht it langer. Men smyt it wei. Wa’t earen hat om te hearren, moat se brûke.