It bidden
1Hy wie ris earne yn gebed. Nei ôfrin frege ien fan syn learlingen Him: Hear, wolle Jo ús bidden leare, lykas ek Johannes it syn learlingen leard hat?
2Doe sei Er tsjin harren: As jimme bidde, sis dan:
Heit, lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme.
3Jou ús alle dagen ús deistich brea.
4En ferjou ús ús sûnden, want wy ferjouwe ek in elk dy’t by ús yn ’e skuld stiet.
En lit ús net yn fersiking komme.
5Hy sei tsjin harren: Stel, ien fan jimme hat in freon en dy komt midden yn ’e nacht by him oan ’e doar en seit: Freon, lien my trije breaën, 6want in freon fan my is op trochreis by my oankommen en ik haw neat om him foar te setten. 7En dat de man út ’e hûs wei antwurdet: Lit my mei rêst, de doar is al op ’e skoattel, de bern en ik lizze al; ik kin der net ôf komme om dy dat te jaan. 8Ik sis jimme: As er al net fan ’t bêd komt om him it brea te jaan, omdat it in freon fan him is, dan docht er it wol, om’t dy oare sa oanhâldt, op it ûnfatsoenlike ôf, en hy sil him alles jaan, dêr’t er ferlet fan hat.
9Sa sis Ik jimme: Freegje, en jimme sil jûn wurde. Sykje en jimme sille fine. Klopje en de doar sil foar jim iependien wurde. 10Want elk dy’t freget, kriget, elk dy’t siket, fynt en foar elk dy’t kloppet, wurdt iependien. 11Is der soms ûnder jimme in heit, dy’t as syn soan om in fisk freget, him ynpleats in slange jout? 12Of as er om in aai freget, him in skorpioen jout? 13As jimme no al, sa ferkeard as jim binne, jimme bern goede dingen witte te jaan, hoefolste mear sil dan de himelske Heit hillige Geast jaan oan dy’t der Him om freegje.
Jezus en Beëlzebûl
14Hy wie ris dwaande in duvel út te bannen, ien dy’t stom makke. Doe’t de duvel derút wie, koe de stomme prate. De minsken ferwûnderen har tige; 15mar in pear fan harren seinen: Mei help fan Beëlzebûl, de opperduvel, driuwt Er de duvels út. 16Oaren woenen Him hifkje en fergen Him op in teken fan boppen.
17Hy wist lykwols, wat der yn har holle omgong, en sei: Elk ryk dat ynwindich ferdield is, giet deroan. It iene hûs dat ynstoart, nimt it oare mei. 18As no de satan ek sa ynwindich ferdield is, hoe kin syn ryk dan bestean? Sa sit it mei jim sizzen: Ik soe mei help fan Beëlzebûl de duvels útbanne. 19En as Ik mei help fan Beëlzebûl de duvels útdriuw, fan wa krije jimme eigen lju dan help by it útbannen? Dêrom sille dat jim rjochters wêze. 20Mar as Ik mei Gods help de duvels útban, dan is Gods ryk al oan jimme takommen.
21As in sterke, goed wapene man wacht hâldt, oer hûs en hear, is al wat er hat, yn feilichheid. 22Mar as der ien komt dy’t sterker is en him ferslacht, dan nimt dy him syn hiele wapenreau ôf, dêr’t er op fertroude, en ferpart de bút. 23Wa’t net mei My is, is tsjin My, en dy’t net mei My it folk byinoar bringt, jaget it útinoar.
De kweade geast komt werom
24Wannear’t de kweade geast út immen wei giet, waret er om yn toarre oarden en siket dêr rêst. En as er dy net fine kin, seit er: Ik gean werom nei it hûs dêr’t ik útgien bin. 25En as er dêr oankomt, fynt er dêr alles oanfage en kreas yn oarder. 26Dan giet er fuort en hellet sân oare geasten op, noch gemiener as hysels, en se geane deryn en sette har dêr nei wenjen. En op it lêst is dy man der slimmer oan ta as earst.
Echt segene wêze
27Doe’t Er sa oan it wurd wie, rôp in frou út ’e mannichte lûd: Segene de mem dy’t Jo droegen en oan it boarst hân hat. 28Mar Hy sei: Segene binne earder dy’t nei Gods wurd harkje en har deroan hâlde.
De fraach nei in teken
29Doe’t it folk ticht om Him hinne kaam te stean, naam Er it wurd en sei: Dit skaai is in min skaai. It ferget in teken, mar it sil oars gjin teken krije as it teken fan Jona. 30Want lykas Jona foar de ynwenners fan Ninevee in teken wie, sa sil de Minskesoan dat wêze foar dit skaai.
31De keninginne fan it Suden sil by it oardiel oproppen wurde tagelyk mei de mannen fan dit skaai en sil harren feroardielje. Hja kaam ommers fan ’e útein fan ’e wrâld om de wysheid fan Salomo te hearren en sjoch, hjir is mear as Salomo. 32De ynwenners fan Ninevé sille by it oardiel opsetten komme tagelyk mei dit skaai. Se sille it feroardielje, want sij feroaren har ten goeden troch it boadskip fan Jona, en sjoch, hjir is mear as Jona.
De lampe fan it lichem
33Gjinien stekt in lampe op en set dy op in ferhoalen stee del of ûnder de nôtmjitte. Nee, men set him op ’e stander, dat elkenien dy’t ynkomt, ljocht hat. 34De lampe fan jo lichem is it each. As dat goed ljocht hat, dan hat jo hiele lichem ljocht. Mar as it net doocht, dan sit jo hiele lichem yn it tsjuster. 35Tink der dus om, dat it ljocht yn jo gjin tsjusternis is. 36As ommers jo lichem yn alle hoeken en hernen ferljochte is, dan sil it oeral ljocht wêze, lykas wannear’t de lampe it folle ljocht op jo falle lit.
De oanklachten tsjin de Fariseeërs en wetgelearden
37Oan ’e ein fan syn taspraak noege in Fariseeër Him út de middeis by him te iten, Jezus gong it hûs yn en skikte by de tafel. 38Doe’t de Fariseeër dat seach, die it him nij, dat Jezus foar iten earst net de hannen wosk.
39Mar de Hear sei tsjin him: Ja, jimme Fariseeërs himmelje wol de bûtenkant fan beker en skûtel, mar fan binnen sitte jimme fol ynklauwerichheid en gemienens.
40Unferstannen dat jimme binne, hat dan de Makker fan ’e bûtenkant ek de binnenkant net makke? 41Jou wat deryn is mar oan ’e earmen; dan hawwe jimme alles skjin.
42Wee jimme, Fariseeërs, omdat jimme wol it tsiendepart opbringe fan kruzemint, wynrút en alle griente, mar it rjocht en de leafde fan God rinne jim oan foarby. En dat lêste moasten jimme krekt om tinke sûnder it earste te litten. 43Wee jimme, Fariseeërs, want jimme longerje op ’e foarste plakken yn ’e synagogen en wolle op ’e merk graach mei achting groete wurde. 44Wee jimme, want jim binne as grêven sûnder merkteken. De minsken rinne deroer hinne sûnder it te witten.
45Ien fan ’e wetgelearden sei doe tsjin Him: Master, mei soks te sizzen komme Jo ús ek tenei. 46Hy sei: Ja, wee ek jimme wetgelearden, want jimme lizze de minsken net te dragen lêsten op en stekke der sels gjin finger nei út.
47Wee jimme, want jimme bouwe de tinkstiennen op foar de profeten dy’t troch jimme foarâlden deade binne. 48Dêr bewize jim mei, dat jim it iens binne mei wat jim foarâlden dienen. Dy makken har dea en jimme soargje foar in stien.
49Dêrom hat God yn syn wysheid sein: Ik sil harren profeten en boadskippers stjoere. Guon dêrfan sille se deadzje, oaren achterfolgje. 50Dêrom moat dit geslacht him ferantwurdzje foar al it profetebloed dat fergetten is fan ’e skepping fan ’e wrâld ôf, 51foar it bloed fan Abel oant dat fan Sacharias, dy’t ombrocht is tusken it wijreekalter en de timpel. Ja, Ik sis jimme, wetgelearden, dit skaai sil him dêrfoar ferantwurdzje moatte.
52Wee jimme, wetgelearden, want jim hawwe de kaai ta de kennisse weinommen. Sels binne jim der net yn gien en alle oaren dy’t deryn woenen, hawwe jim keard. 53Doe’t Er nei bûten gong, begûnen de wetgelearden en Fariseeërs Him ferheftich oan te fallen en oer in bulte dingen út te freegjen. 54Se loerden derop, oft se Him op ien fan syn wurden fange koenen.