It útstjoeren fan de twaënsantich
1Dêrnei wiisde de Hear noch twaënsantich man oan, en stjoerde dy twa by twa foar Him út nei alle stêden en doarpen dêr’t Er sels hinne soe. 2Hy sei tsjin harren: De risping is grut, mar de arbeiders binne minmachtich. Freegje dêrom de Hear fan ’e risping om mear arbeiders te stjoeren foar it ynheljen.
3Set de stap deryn en tink derom: Ik stjoer jimme as lammen midden ûnder de wolven. 4Nim gjin jildponge, gjin rânsel en gjin sandalen mei. Bring ûnderweis gjin groetenissen oer. 5As jimme in hûs yn geane, sis dan earst: Frede oer dit hûs! 6As der in man fan frede wennet, dan sil jimme fredewinsk sines wêze. Mar is dat sa net, dan sil dy fredewinsk by jimme weromkomme. 7Allinne yn dat hûs meie jimme tahâlde en ite en drinke, wat se jim foarsette. Want wa’t arbeidet komt syn lean ta. Rin net fan it iene hûs nei it oare. 8Op alle plakken dêr’t jimme komme en opnommen wurde, meie jimme ite wat jim foarset wurdt, 9de siken dy’t dêr binne, helpe en tsjin de minsken sizze: Gods ryk is ticht oan jimme ta kommen.
10Komme jimme yn in plak dêr’t se jimme net talitte, gean dan de strjitte op en sis: 11Sels de moude fan jim stêd dy’t ús oan ’e fuotten sit, feie wy der ôf. Dy meie jimme hâlde. Mar tink derom: Gods ryk is tichteby. 12Ik sis jimme: Foar Sodom sil it dy deis better út te hâlden wêze as foar dy stêd.
Wee dij, Choarazin, wee dij, Betsaïda
13Wee dij, Choarazin, wee dij Betsaïda, want as yn Tyrus en Sidon de grutte wûnders dien wienen, dy’t by jimme dien binne, dan soenen se al lang ta ynkear kommen wêze en yn sekkeguod en jiske sitten hawwe. 14Mar foar Tyrus en Sidon sil it by it oardiel better út te hâlden wêze as foar jimme. 15En do, Kafárnaüm, tochtste faaks, datst optild wurde soest oant yn ’e himel? Nee, oant yn it deaderyk silst delsmiten wurde! 16Dy’t nei jimme harket, harket nei My. Dy’t jimme fersmyt, fersmyt My. Dy’t My fersmyt, fersmyt Him dy’t My stjoerd hat.
De twaënsantich werom
17De twaënsantich kamen bliid werom en fertelden: Hear, troch jo namme jouwe ek de duvels har ûnder ús del. 18Hy sei tsjin harren: Ik seach de satan as de wjerljocht út ’e himel fallen.
19Ja, Ik haw jimme de macht jûn om oer slangen en skorpioenen hinne te rinnen, macht oer it hiele leger fan ’e fijân: neat sil jimme kwea dwaan, hoe dan ek. 20Bliid moatte jimme wêze, net omdat de duvels har ûnder jim deljouwe, mar omdat jim nammen yn ’e himel optekene binne.
De blydskip fan Jezus
21Doe wie it ek, dat Er optein troch de hillige Geast útrôp: Ik loovje Jo, Heit, Hear fan himel en ierde: Jo hawwe dy dingen foar wizen en gelearden ferburgen hâlden en se ienfâldigen iepenbiere. Ja, myn Heit, sa woenen Jo it hawwe. 22Alles is my yn hannen jûn troch myn Heit, en gjinien wit wa’t de Soan is, as allinne de Heit; gjinien wa’t de Heit is, as allinne de Soan en elkenien oan wa’t de Soan it iepenbierje wol.
23Doe kearde Er Him apart nei syn learlingen en sei: Lokkich de eagen dy’t sjogge, wat jimme sjogge. 24Ja, Ik sis jimme, gâns profeten en keningen hienen graach sjen wollen, wat jimme sjogge, en hearre wollen, wat jimme hearre, mar it hat harren net barre mocht.
De barmhertige Samaritaan
25Doe kaam in wetgelearde oerein om Him te hifkjen en sei: Master, wat moat ik dwaan om diel te krijen oan it ivige libben? 26Jezus sei tsjin him: Wat stiet der yn ’e Wet? Wat lêze jo dêr? 27Hy antwurde: Do silst de Hear, dyn God, leafhawwe mei dyn hiele hert, dyn hiele siel, dyn hiele krêft, dyn hiele ferstân en dyn neiste sa ast dysels leafhast. 28Jezus sei tsjin him: Dat is it goede antwurd. Doch it sa en jo sille it libben hâlde. 29Mar hy woe himsels grut hâlde en sei tsjin Jezus: En wa is myn neiste?
30Doe naam Jezus wer it wurd en sei: Der wie ris in man, dy reizge fan Jeruzalem nei Jericho. Underweis foel er yn ’e hannen fan rovers. Dy klaaiden him út, rânselen him ôf, en doe’t se fuortgongen, lieten se him healdea lizze. 31Tafallich kaam der in pryster lâns. Dy seach him wol, mar rûn oan ’e oare kant fan ’e wei foarby. 32Sa kaam der ek in levyt by dat plak lâns. Doe’t dy him seach, rûn er ek oan ’e kant fan ’e wei foarby.
33Mar der kaam ek in Samaritaan, dy’t ûnderweis wie, by him lâns. Doe’t dy him seach, krige er tige mei him te dwaan. 34Hy gong nei him ta, geat oliveoalje en wyn yn syn wûnen en ferbûn dy. Doe sette er him op syn eigen ryddier, brocht him yn in herberge en soarge foar him. 35De oare moarns helle er twa denaarjes foar ’t ljocht en joech dy oan ’e kastlein mei de wurden: Pas goed op him, en as jo mear kosten hawwe, sil ik jo dy op ’e weromreis betelje. 36Wa fan dy trije tinkt jo, is no de neiste fan ’e man dy’t yn rovershannen fallen wie? 37Hy sei: Dy’t him út meilijen holpen hat. Doe sei Jezus tsjin him: Doch jo tenei ek sa.
Op besyk by Marta en Maria
38Op har reis kaam Er ris yn in doarp. In frou dy’t Marta hiet, ûntfong Him yn har hûs. 39Dy Marta hie in suster, Maria, en dy gong oan ’e fuotten fan Jezus sitten en harke nei syn wurden. 40Marta lykwols moast iderkear hinne en wer, om’t se in soad te berêden hie. Dochs joech se har der even by en sei: Hear, kinne Jo it goedkrije, dat myn suster it betsjinjen allinne foar my opkomme lit? Sis har dochs, dat se mei oanpakt. 41Mar Jezus antwurde har: Marta, Marta, oer in bulte dingen sitte jo yn soarch en noed. 42It giet lykwols mar om ien ding. Maria hat it bêste part keazen. Dat sil har net ôfnommen wurde.