De Gibeöniten
1Doe’t alle keningen dat hearden, dy’t oan ’e oare kant de Jordaan wennen, yn it berchlân en de flakte en oan it hiele strân fan ’e Grutte See oant foar ’e Libanon oer, de Hetiten, de Amoriten, de Kanaäniten, de Perizziten, de Chiwwiten en de Jebûsiten, 2ferbûnen se har mei-inoar om ienriedich tsjin Jozua en Israel te striden.
3Doe’t de ynwenners fan Gibeön lykwols hearden wat Jozua mei Jericho en Ai dien hie, 4gongen dy ek mei liepens te wurk. Hja gongen hinne en bearden, dat se boaden wienen, hja namen ferslitene sekken mei op har ezels en ferslitene, teskuorde en wer byinoarhelle wynsekken. 5Ofrûne en belape skuon hienen se oan ’e fuotten en hja hienen skurve klean oan, en it brea dat se mei op reis hienen, wie allegearre like droech en krûmelich. 6Doe’t se by Jozua yn ’t kamp te Gilgal oankamen, seinen se tsjin him en tsjin ’e mannen fan Israel: Wy binne út in fier lân weikommen; no dan, meitsje in ferbûn mei ús. 7Dêrop seinen de mannen fan Israel tsjin ’e Chiwwiten: Miskien wenje jimme wol fuortby ús en hoe soenen wy dan in ferbûn mei jim slute kinne? 8Doe seinen se tsjin Jozua: Wy binne jo tsjinners en Jozua sei tsjin har: Wa binne jim en wêr komme jimme wei? 9Hja seinen tsjin him: Jo tsjinners binne út in tige fier lân kommen om de namme fan de Heare, jo God, want wy hawwe fan ’e rop oer Him heard en alles wat Hy dien hat yn Egypte 10en alles wat Hy dien hat oan ’e beide keningen fan ’e Amoriten oare kant de Jordaan, oan Sichon, de kening fan Chesjbon en Og, de kening fan Bazan, dy’t te Asjtarot wenne. 11Doe seinen de âldsten en alle ynwenners fan ús lân tsjin ús: Nim iten mei foar ûnderweis en gean harren yn ’e mjitte. Sis dan tsjin har: wy binne jim tsjinners. No dan, slút in ferbûn mei ús. 12Dit brea fan ús hawwe wy waarm út ’e hûs wei meinommen foar ûnderweis, doe’t wy fuortgongen om nei jim ta te gean en sjoch no: it is droech en krûmelich. 13Dizze wynsekken, dy’t wy fol dien ha doe’t se nij wienen, sjoch, dy binne teskuord en dizze klean en skuon fan ús binne fersliten op it bloedige lange ein. 14Doe namen de mannen wat fan har iten oan, mar se fregen net nei wat de Heare sei. 15Jozua sleat doe freonskip mei har en makke in ferbûn mei har, dat hy har yn it libben litte soe. De foaroansteanden fan ’e gemeente beswarden it har.
16Mar trije dagen neidat se in ferbûn mei har sletten hienen, hearden se, dat it har neiste buorlju wienen, ja, dat se fuortby har wennen. 17Want doe’t de Israeliten opbrutsen wienen, kamen se de tredde deis by dy lju har stêden. Dat wienen: Gibeön, Kefira, Beëarot en Kirjat-Jeärim. 18De Israeliten fochten net mei har omdat de foarmannen fan ’e gemeente it har by de Heare, de God fan Israel, sward hienen en de hiele gemeente prottele op ’e foarmannen. 19Alle foarmannen lykwols seinen tsjin ’e hiele gemeente: Wy hawwe it harren sward yn ’e namme fan de Heare, de God fan Israel, dat wy kinne har no net oanfalle. 20Sa sille wy mei har dwaan: Wy sille har yn it libben litte om gjin grime oer ús te heljen fanwegen de eed dy’t wy har sward hawwe. 21Mar wol seinen de foarmannen tsjin har: Hja meie yn it libben bliuwe, (mar hja moatte houthakkers en wetteropputters wêze foar ’e hiele gemeente); doe waarden se houthakkers en wetteropputters foar de hiele gemeente, sa’t de foarmannen tsjin har sein hienen. 22Doe liet Jozua har by him komme en sei tsjin harren: Wêrom hawwe jim ús bedragen en sein: wy wenje fier fan jimme ôf, wylst jimme fuortby ús wenje? 23No dan, jim binne ferflokt. Der sil net ien fan jimme wêze dy’t gjin slaaf is; houthakkers en wetteropputters foar it hûs fan myn God. 24Doe joegen se Jozua antwurd en seinen: It wie jo tsjinstfeinten foar wier ferteld, wat de Heare, jo God, hjitten hie oan syn tsjinstfeint Mozes. Hy soe jimme it hiele lân jaan en alle ynwenners derfan foar jim útroegje. Dat wy waarden om jimme tige bang foar ús eintsje libben en doe hawwe wy dit stik útheefd. 25En no, wy binne yn jo macht. Doch mar mei ús, sa’t jo it goed en rjocht fine om te dwaan. 26Sa die er dan mei har en hy rêde har út ’e hân fan ’e Israeliten, dat dy har net deasloegen. 27Jozua stelde har dy deis oan as houthakkers en wetteropputters foar de gemeente en foar it alter fan de Heare oant hjoed-de-dei ta, op it plak dat Hy útkieze soe.