Ai ynnommen
1Dêrop sei de Heare tsjin Jozua: Wês net bang en tink dy net benaud. Nim alle kriichsfolk mei, meitsje dy klear en gean op Ai los. Sjoch, Ik haw de kening fan Ai, syn folk, syn stêd en syn lân yn dyn hân jûn. 2Do moatst mei Ai en syn kening dwaan, sast mei Jericho en syn kening dien hast. Allinne de bút dêrfan en it fee meie jim sels hâlde. Lit no guon har achter de stêd ferdekt opstelle. 3Doe makke Jozua mei al it kriichsfolk him klear om op Ai los te gean, en Jozua socht tritich tûzen man út, moedige keardels, en stjoerde har de nachts fuort. 4Hy hiet har: Sjoch, jimme stelle jim no ferdekt op oan ’e achterkant fan ’e stêd. Gean net te fier fan ’e stêd ôf en hâld jimme allegear klear. 5Ik sil lykwols mei al it folk dat by my is, ticht by de stêd komme. As se dan derút komme, ús yn ’e mjitte, lykas de earste kears, dan sille wy foar har útnaaie. 6Hja sille ús dan achternei komme en sa lokje wy har by de stêd wei; want se sille tinke: hja naaie foar ús út, lykas de earste kears. As wy dan foar har útnaaie, 7komme jimme oerein út it skûlplak en nimme de stêd yn besit. De Heare jimme God hat dy jim yn hannen jûn. 8As jimme de stêd dan ynnommen hawwe, moatte jimme dy yn ’e brân stekke. Jim moatte dwaan neffens it wurd fan de Heare, dat haw ik jimme goed sein. 9Dêrop stjoerde Jozua har fuort en hja stelden har ferdekt op en bleauwen tusken Bet-El en Ai, bewesten Ai. Mar Jozua bleau de nacht oer by it folk.
10De moarns betiid kaam Jozua derôf en hy meunstere it folk; doe gong er mei de âldsten fan Israel foar it folk út op Ai ta. 11Alle kriichslju dy’t by him wienen, trieken ek op en kamen tichterby, lyk foar Ai oer. Doe legeren se har benoarden Ai en de delling wie tusken him en Ai yn. 12Jozua naam likernôch fiiftûzen man en stelde har ferdekt op tusken Bet-El en Ai, bewesten de stêd. 13Hja stelden it folk op: it leger dat noard fan ’e stêd lei en de achterhoede west fan ’e stêd. Mar Jozua gong dy nachts midden yn ’e delling. 14Sadree’t de kening fan Ai dat seach, makken de mannen fan ’e stêd der haast mei; betiid makken hy en syn hiele folk har klear en trieken út, op Israel ta, om te fjochtsjen, nei it fêststelde plak, foar de flakte oer. Hy wist net, dat guon har achter de stêd ferdekt opsteld hienen. 15Jozua en hiele Israel lieten har troch de lju fan Ai ferslaan en flechten dat út nei de woestyn. 16Doe rôpen se al it folk dat yn ’e stêd wie op, om har achternei te setten en hja setten Jozua achternei en waarden by de stêd weilokke. 17Sadwaande bleau der gjin man oer yn Ai en Bet-El: elk sette achter Israel oan. Dat se lieten de stêd iepenstean en setten Israel achternei. 18Doe sei de Heare tsjin Jozua: Stek de spear dysto yn ’e hân hast, út nei Ai, want Ik sil it yn dyn hân jaan. Dêrop stiek Jozua de spear dy’t er yn ’e hân hie, út nei de stêd. 19Dy’t har ferdekt opsteld hienen, wienen al hastich oerein gien fan har plak en sadree’t hy de hân útstiek, rûnen se dêrhinne, kamen by de stêd, namen dy yn, en stieken de stêd op slach yn ’e brân. 20Doe’t de mannen fan Ai har omkearden, seagen se ynienen dat der reek út ’e stêd omheech gong. Hja wienen net by machte de iene of oare kant út te flechtsjen, want it folk dat nei de woestyn flechte wie, kearde him no tsjin ’e ferfolgers. 21Want doe’t Jozua en hiele Israel seagen dat de ferskûle legermacht de stêd ynnommen hie en dat der reek út ’e stêd opkaam, kearden se werom en fersloegen de mannen fan Ai. 22De oaren kamen har út ’e stêd wei yn ’e mjitte, dat se rekken fan wjerskanten midden tusken Israel. Doe fersloegen dy har en lieten net ien oer dy’t ûntkomme koe. 23De kening fan Ai lykwols pakten se libben en brochten him by Jozua.
24Doe’t Israel klearkommen wie mei it deadzjen fan ’e ynwenners fan Ai yn it fjild en yn ’e woestyn, en dy allegearre oant de lêste man troch it bleate swurd fallen wienen, gong hiele Israel werom nei Ai en fersloech dat mei it bleate swurd. 25Dy’t dy deis foelen – sawol froulju as manlju – wienen mei-inoar tolvetûzen, allegearre lju fan Ai. 26Jozua hie syn hân mei de spear, dy’t er útstutsen hie, net ynlutsen oant er alle ynwenners fan Ai ûnder de ban lein hie. 27Inkeld it fee en de bút fan ’e stêd hat Israel foar himsels plondere, neffens it wurd fan de Heare, dat Hy Jozua hjitten hie. 28Jozua ferbrânde Ai en makke der fergoed in púnfal fan, in woestenij oant hjoed-de-dei ta. 29De kening fan Ai lykwols hong er oan in peal op oan ’e jûntiid ta. Doe’t de sinne ûndergong, joech Jozua opdracht, hja soenen syn lyk fan ’e peal ôfnimme en dat smieten se del by de yngong fan ’e stedspoarte. Dêrnei setten se dêr in grutte stienbult oerhinne, dy’t der hjoed noch is.
Ebal en Gearizim. It foarlêzen fan ’e wet
30Doedestiids boude Jozua in alter foar de Heare, de God fan Israel, op ’e berch Ebal, 31lykas Mozes, de feint fan de Heare, de Israeliten opdroegen hie. Neffens wat yn ’t wetboek fan Mozes beskreaun stiet, wie it in alter fan hiele stien, dy’t net mei izer bewurke wie en hja offeren dêr brânoffers op foar de Heare en slachten tankoffers. 32Dêr skreau er op ’e stiennen in ôfskrift fan ’e wet fan Mozes; hy skreau dat op foar de eagen fan ’e Israeliten.
33Hiele Israel mei syn âldsten, foarmannen en rjochters, frjemd sawol as eigen, stie oan wjerskanten fan ’e arke foar de levityske prysters oer, dy’t de bûnsarke fan de Heare droegen, de iene helte foar de berch Gearizim oer en de oare helte foar de berch Ebal oer, lykas Mozes, de feint fan de Heare, al earder hjitten hie it folk Israel te segenjen. 34Dêrnei lies Jozua alle wurden fan ’e wet foar, de segen en de flok, lykas it allegearre beskreaun stie yn it wetboek. 35Der wie gjin wurd fan alles wat Mozes hjitten hie, dat Jozua net foarlies foar it front fan ’e hiele gearkomste fan Israel, mei de froulju en de bern en de frjemdlingen dy’t ûnder harren tahâlden.