It klearmeitsjen om deroer
1Jozua makke him de moarns betiid klear en hja brieken op fan Sjittim en kamen by de Jordaan, hy en alle Israeliten, en hja bleauwen dêr de nacht oer, ear’t se oerstieken. 2Nei trije dagen gongen de foarmannen midden troch it leger 3en joegen it folk de opdracht: As jimme de arke fan it ferbûn fan de Heare, jimme God, sjogge en de Levityske prysters dy’t him drage, dan moatte jim opbrekke en dêr achteroan gean. 4Lykwols, der moat tusken jimme en de arke in romte wêze fan om-ende-by twatûzen jellen; kom der net tichteby, dat jimme de wei sjen kinne, dêr’t jimme lâns moatte, want oer dy wei binne jimme net earder gien. 5Doe sei Jozua tsjin it folk: Hilligje jim, want moarn sil de Heare yn jimme fermidden wûnders dwaan. 6Tsjin ’e prysters sei Jozua: Nim de arke fan it ferbûn op en stek foar it folk oer. Doe namen se de arke fan it ferbûn op en gongen foar it folk út.
Oer de Jordaan
7Dêrop sei de Heare tsjin Jozua: Hjoed begjin Ik mei fan dy in grut man te meitsjen yn ’e eagen fan hiele Israel. Dan witte se mar, dat, sa’t Ik mei Mozes west haw, Ik ek mei dy bin. 8Jou do no befel oan ’e prysters, dy’t de arke fan it ferbûn drage en sis: As jimme oan ’e kant fan ’t wetter fan ’e Jordaan komme, moatte jimme yn ’e rivier stean gean. 9Tsjin ’e Israeliten sei Jozua: Kom tichter by my en harkje nei de wurden fan de Heare, jimme God. 10Fierder sei Jozua: Hjiroan sille jimme witte dat der in libbene God yn jimme fermidden is, en dat Hy wis de Kanaäniten, de Hetiten, de Chiwwiten, de Perizziten, de Girgasjiten, de Amoriten en de Jebûsiten foar jimme út ferjeie sil: 11sjoch de arke fan it ferbûn fan ’e Hear fan ’e hiele ierde giet foar jimme út de Jordaan yn. 12Nim jimme no tolve manlju út ’e stammen fan Israel, út elke stam ien man. 13En sadree’t dan de prysters, dy’t de arke fan de Heare, de Hear fan ’e hiele ierde, drage, har fuotten yn ’t wetter fan ’e Jordaan delset hawwe, dan sil it wetter fan ’e Jordaan ôfsnien wurde, dat is te sizzen, it wetter dat fan boppen delkomt. It sil stean bliuwe as in daam.
14Doe’t dan it folk út har tinten opbriek om troch de Jordaan te gean, droegen de prysters de bûnsarke foar it folk út. 15Sadree’t de dragers fan ’e arke by de Jordaan kamen en de fuotten fan ’e prysters, dy’t de arke droegen, wiet waarden oan ’e kant yn it wetter – de beide wâlen fan ’e Jordaan stienen de hiele tiid fan ’e rispinge ûnder wetter – 16doe bleau it wetter dat fan boppen ôf streamde, stean. It riisde as in daam op, gâns in ein dêrwei, by Adam, de stêd besiden Sartan; en it wetter dat nei de see fan ’e flakte, de Sâltsee, streamde, waard hielendal wei. Dat sadwaande gong it folk foar Jericho oer, dertroch. 17De prysters lykwols dy’t de bûnsarke fan de Heare droegen, bleauwen stil stean op it droege midden yn ’e Jordaan, wylst hiele Israel oer it droege gong, oant it hiele folk oer de Jordaan wie.