De tolve tinkstiennen
1Doe’t it hiele folk goed en wol oer de Jordaan kommen wie, sei de Heare tsjin Jozua: 2Jimme moatte tolve man út it folk nimme, út elke stam ien man, 3en har dit opdrage: Helje jimme dêr, midden út ’e Jordaan wei, dêr’t de fuotten fan ’e prysters stilstien hawwe, tolve stiennen. Dan moatte jimme dy meinimme nei it kamp, dêr’t jimme de nacht oerbliuwe.
4Doe rôp Jozua de tolve manlju dy’t hy út ’e Israeliten oanwiisd hie, út elke stam ien. 5Jozua sei tsjin har: Gean oan ’e foarkant fan ’e arke fan de Heare, jimme God, lâns nei it midden fan ’e Jordaan. Dan moat elk fan jimme ien stien op it skouder nimme neffens it tal fan ’e stammen fan ’e Israeliten, 6dat dit in teken wêze mei yn jimme fermidden. As jimme bern dan letter freegje: Wat betsjutte dy stiennen foar jimme?, 7dan hearre jimme tsjin har te sizzen: Omdat it wetter fan ’e Jordaan foar de bûnsarke fan de Heare ôfsnien waard, doe’t dy troch de Jordaan gong. Omdat it wetter fan ’e Jordaan ôfsnien waard, dêrom binne dizze stiennen foar altyd in oantinken foar de Israeliten. 8Doe dienen de Israeliten sa’t Jozua har hjitten hie. Hja namen tolve stiennen midden út ’e Jordaan wei, lykas de Heare tsjin Jozua sein hie, neffens it tal fan ’e stammen fan ’e Israeliten. Hja namen dy mei nei it kamp foar de nacht en leinen se dêr del. 9Ek sette Jozua tolve stiennen oerein yn it midden fan ’e Jordaan, op it plak, dêr’t de fuotten fan ’e prysters dy’t de bûnsarke droegen, stien hienen. Se binne dêr oant hjoed-de-dei ta.
Ein fan ’e oertocht
10De prysters dy’t de arke droegen, bleauwen stean, oant alles wat Jozua fan de Heare it folk oansizze moast, dien wie; alles neffens wat Mozes oan Jozua opdroegen hie. It folk makke hurd oan, doe’t se oertrieken. 11Doe’t dan it hiele folk oan ’e oare kant wie, triek ek de arke fan de Heare oer mei de prysters, foar de eagen fan it folk. 12Ek trieken de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse wapene en wol oer, foar de eagen fan ’e Israeliten, lykas Mozes tsjin har sein hie; 13likernôch fjirtichtûzen útriste soldaten trieken oer foar de eagen fan de Heare om yn ’e flakte fan Jericho de striid oan te gean. 14Dy deis makke de Heare fan Jozua in grut man yn ’e eagen fan hiele Israel en hja krigen ûntsach foar him, lykas se foar Mozes hân hienen salang as er libbe. 15Doe sei de Heare tsjin Jozua: 16Jou opdracht oan ’e prysters dy’t de arke mei de ferbûnsakte drage, dat se út ’e Jordaan komme. 17Doe hiet Jozua de prysters: Kom út ’e Jordaan. 18Doe’t dan de prysters dy’t de bûnsarke fan de Heare droegen, midden út ’e Jordaan kamen, tilden se de fuotten op en setten dy op it droege, en dêr kaam it wetter fan ’e Jordaan op syn plak werom en streamde lykas tefoaren wer tusken syn wâlen.
Oankomst by Gilgal
19Neidat it folk de tsiende fan ’e earste moanne út ’e Jordaan kommen wie, setten se by Gilgal, oan ’e eastgrins fan Jericho, har kamp op. 20En dy tolve stiennen dy’t se út ’e Jordaan meinommen hienen, sette Jozua oerein by Gilgal. 21Hy sei tsjin ’e Israeliten: As jimme bern letter oan har heit freegje: Wat moatte dy stiennen dêr? 22dan hearre jim it jimme bern sa út te lizzen: Oer it droege is Israel hjir troch de Jordaan gien. 23Want de Heare jimme God hat de Jordaan foar jimme eagen opdroegje litten oant jimme dêr troch wienen, lykas de Heare jimme God dat ek by de Reidsee dien hat, dy’t Hy foar ús eagen droech makke hat, oant wy dêr troch wienen; 24dat alle folken fan it lân gewaar wurde soenen, dat it de hân fan de Heare is, dy’t sa sterk is en dat jimme altyd ûntsach hawwe soenen foar de Heare jimme God.