Fernijing fan it ferbûn te Sichem
1Jozua liet alle stammen fan Israel byinoar komme te Sichem en hy rôp de âldsten fan Israel, syn haden, rjochters en opsjenners en hja stelden har op foar God. 2Doe sei Jozua tsjin it hiele folk: Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Fan âlds wennen jim foarfaars – Têrach, en syn soannen Abraham en Nachor – oan ’e oare kant de rivier en tsjinnen oare goaden. 3Doe haw Ik jimme foarfaar Abraham nommen fan ’e oare kant de rivier en Ik haw him yn it hiele lân Kanaän omswalkje litten. Dêrby haw Ik syn neiteam yn tal oanwinne litten. Ik joech him Izaäk. 4Oan Izaäk joech Ik Jakob en Ezau. Oan Ezau joech Ik it berchlân Seïr yn besit, mar Jakob en syn soannen trieken nei Egypte. 5Doe stjoerde Ik Mozes en Aäron en Ik sloech Egypte, sa’t Ik dat yn har fermidden dien ha, en dêrnei haw Ik jim dêr weifierd. 6Doe’t Ik jim foarfaars út Egypte fierd hie en jim by de see kommen wienen, jagen de Egyptners jim achternei nei de Reidsee mei weinen en ruters. 7Dêrop rôpen hja de Heare oan en Hy sette tsjusternis tusken jimme en de Egyptners. Doe brocht Er de see oer har hinne en dy bediek har. Dat jim hawwe mei eigen eagen sjoen, wat Ik Egypte oandien ha. Neitiid hawwe jim gâns in skoft yn ’e woestyn tahâlden. 8Dêrop brocht Ik jim yn it lân fan ’e Amoriten en dy strieden tsjin jimme, mar Ik joech har jim yn ’e macht. Dat jim namen har lân yn besit, mei’t Ik har foar jim útroege.
9Doe kaam Balak, de soan fan Sippor, de kening fan Moäb, fanwegen en stried tsjin Israel. Dy stjoerde boaden nei Bileäm, de soan fan Beör, en rôp him om jimme te flokken. 10Mar Ik haw net nei Bileäm harkje wollen, dat hy hat jim oanienwei segene. 11Sa haw Ik jim út syn macht ferlost. Dêrop gongen jimme oer de Jordaan en kamen by Jericho oan. Doe strieden de boargers fan Jericho, de Amoriten, Perizziten, Kanaäniten, Hetiten, Girgasjiten, Chiwwiten en Jebûsiten tsjin jim en Ik joech har jim yn ’e macht. 12Ik stjoerde brimzen foar jim út en dy jagen har, de beide keningen fan ’e Amoriten, foar jim út. Wier net troch dyn swurd noch troch dyn bôge. 13Dat sa joech Ik jimme lân dêr’t jim gjin muoite oan spandearre hawwe en stêden dy’t jim net boud hawwe en jim wenje dêryn. Jim ite út druvehôven en fan olivebeammen dy’t jim net plante hawwe.
It folk kiest foar de Heare
14No dan, haw ûntsach foar de Heare en tsjinje Him oprjocht en trou. Doch de goaden oan kant, dy’t jim foarfaars oare kant de rivier en yn Egypte tsjinne hawwe en tsjinje de Heare. 15Mar mocht it jim net goed talykje de Heare te tsjinjen, kies dan hjoed wa’t jim al tsjinje sille: ôf de goaden dy’t jim foarfaars tsjinne hawwe oare kant de rivier ôf de goaden fan ’e Amoriten yn waans lân jim wenje. Mar ik en myn húsgesin, wy sille de Heare tsjinje.
16Doe antwurde it folk: Wy tinke der net oer de Heare te ferlitten en oare goaden te tsjinjen. 17De Heare is ommers ús God. Hy is it, dy’t ús en ús âlders opfierd hat út Egypte, út it slavehûs, en dy’t foar ús eagen al dy grutte tekens dien hat. Hy hat ús bewarre de hiele wei dêr’t wy lâns kommen binne en ûnder alle folken dêr’t wy midden trochhinne gien binne. 18De Heare hat alle folken en de Amoriten dy’t yn it lân wennen, foar ús út jage. Ek wy sille de Heare tsjinje, want Hy is ús God.
19Mar Jozua sei tsjin it folk: Jim hawwe it net yn ’e macht om de Heare te tsjinjen, want Hy is in tige hillich God. In oergeunstich God is Er, dy’t jim misdied en sûnden net oersljochtet. 20Mochten jim de Heare ferlitte en frjemde goaden tsjinje, dan sil Er him omkeare en jim ferneatigje, neidat Er jimme goed dien hat. 21Doe sei it folk tsjin Jozua: Nee, wier, wy sille de Heare tsjinje. 22Dêrop sei Jozua: Jimme binne jim eigen getugen dat jim sels keazen hawwe om de Heare te tsjinjen. En hja seinen: Sa is it!
23Welno, doch dan de frjemde goaden fuort, dy’t ûnder jim binne, en lit jim hert útgean nei de Heare, de God fan Israel. 24Doe sei it folk tsjin Jozua: Wy sille de Heare, ús God, tsjinje en harkje nei wat Hy seit.
It sluten fan it ferbûn by Sichem
25Dy deis sleat Jozua in ferbûn mei it folk en hy stelde rjocht en wet foar har fêst te Sichem. 26En Jozua skreau dy wurden yn Gods wetboek. Doe naam er in grutte stien en sette dy del ûnder ’e terebint dy’t yn it hillichdom fan de Heare is. 27Dêrop sei Jozua tsjin it hiele folk: Sjoch, dizze stien sil ûnder ús as tsjûge wêze, want dy hat alle wurden fan de Heare heard, dy’t Hy tsjin ús sprutsen hat. Dat dy sil ûnder jimme in tsjûge wêze; it moat net safier komme, dat jimme jim God net mear kenne wolle. 28Doe liet Jozua it folk gean, in elk nei syn erfdiel.
De dea fan Jozua
29It wie nei dy foarfallen, dat Jozua, de soan fan Nûn, de tsjinstfeint fan de Heare, stoar, hûndert tsien jier âld. 30Hja begroeven him op syn erfdiel, te Timnat-Sêrach yn it berchlân fan Efraïm, noard fan ’e berch Gaäsj.
31Israel no tsjinne de Heare, salang’t Jozua libbe, en ek noch salang’t de âldsten yn wêzen wienen dy’t Jozua oerlibben, en dy’t al it wurk fan de Heare oan Israel meimakke hienen. 32It lyk fan Joazef, dat de Israeliten út Egypte meinommen hienen, hawwe se te Sichem begroeven yn it stik lân dat Jakob fan ’e soannen fan Hemor, de heit fan Sichem, kocht hie foar hûndert sulverstikken en dat de Joazefiten yn besit hienen. 33Ek stoar Eleäzar, de soan fan Aäron, en hja begroeven him yn Gibeä, dat oan syn soan Pinechas jûn wie, yn it berchlân fan Efraïm.