De Israeliten nei Jozua’s dea. Juda en Simeön
1It wie nei de dea fan Jozua, dat de Israeliten de Heare fregen: Wa fan ús moat earst op ’e Kanaäniten los yn de striid? 2De Heare sei: Dat moat Juda dwaan. Ik haw it lân oan him útlevere. 3Juda sei tsjin syn broer Simeön: Gean mei my op it gebiet ôf, dat ik lotte haw en lit ús de Kanaäniten bestride. Dan gean ik ek mei dy nei it gebiet datsto lotte hast. Dat sa rekke Simeön mei him. 4Juda marsjearde op en de Heare joech de Kanaäniten en de Perizziten oan har oer. Hja fersloegen tsientûzen man fan har by Bêzek. 5Hja troffen Adonibêzek yn Bêzek en fochten tsjin him. Sa fersloegen se de Kanaäniten en de Perizziten. 6Adonibêzek naaide út, mar se setten him achternei. Doe’t se him te pakken krige hienen, sloegen se him de tommen en de grutte teannen ôf. 7Doe sei Adonibêzek: Santich keningen mei de tommen en grutte teannen derôf slein, sochten de krommels op ûnder myn tafel. Wat ik oaren dien haw, ferjildt God my no. Hja brochten him nei Jeruzalem en dêr is er stoarn.
8Fierders strieden de Judeeërs tsjin Jeruzalem en namen dat yn. Hja sloegen it mei it swurd en stieken de stêd yn ’e brân. 9Dêrnei kamen de Judeeërs del om tsjin ’e Kanaäniten te striden dy’t yn it berchlân, yn it Suderlân en yn it lege lân wennen.
10Ek gong Juda nei de Kanaäniten yn Hebron, dat foartiid Kirjat-Arba hiet, en se fersloegen Sjesjai, Achiman en Talmai. 11Dêrwei gong er nei de ynwenners fan Debir, dat earder Kirjat-Sefer hiet. 12Doe sei Kaleb: Wa’t Kirjat-Sefer ferslacht en it ynnimt, dy sil ik myn dochter Aksa as frou jaan. 13Otniël, soan fan Kenaz, de jongere broer fan Kaleb, naam it yn. Dêrom joech Kaleb him syn dochter Aksa as frou. 14Sa gau’t hja oankommen wie, trune se Otniël oan: hy soe har heit freegje om in stik bou. Doe sprong se fan ’e ezel en Kaleb sei tsjin har: Wat is der oan? 15Hja sei: Jou my ek wat goeds. Heit stjoert my it toarre lân yn, mar jou my dan ek wetterwellen. Doe joech er har wellen yn it heechlân en yn it leechlân.
16De soannen fan Mozes syn skoanheit – in Kenyt – trieken mei de Judeeërs út ’e Palmstêd nei de woestyn fan Juda, dy’t yn it suden by Arad leit. Dêr setten se har nei wenjen ûnder de befolking.
17Juda gong mei syn broer Simeön en hja fersloegen de Kanaäniten dy’t yn Sefat wennen. Hja leinen de stêd ûnder de ban en neamden dy Chorma. 18Ek naam Juda Gaza yn mei it gebiet dêrby en Asjkalon mei syn gebiet en Ekron mei syn gebiet. 19En de Heare wie mei Juda, dat hy naam it berchlân yn besit, mar hy hie it net yn ’e macht de bewenners yn ’e delling te ferdriuwen, want dy hienen izeren striidweinen. 20Doe joegen se Hebron oan Kaleb, lykas Mozes hjitten hie, en dy dreau de trije soannen fan Enak dêrwei.
De oare stammen
21De Benjaminiten ferdreauwen de Jebûsiten net út Jeruzalem, dat dy Jebûsiten wenje oant hjoed-de-dei ta mei de Benjaminiten te Jeruzalem.
22Dy fan it hûs fan Joazef trieken ek op, nei Bet-El, en de Heare wie mei har. 23It hûs fan Joazef liet Bet-El bespionnearje. – De stêd hiet foartiid Lûz. – 24De spionnen seagen in man ta de stêd útkommen. Hja seinen tsjin him: Wiis ús in plak, dêr’t wy yn ’e stêd komme kinne, dan sille wy it goed mei jo meitsje. 25Doe wiisde er har in tagong nei de stêd en hja fersloegen de stêd mei it swurd, mar dy man en syn hiele famylje lieten se gean. 26En dy man gong nei it lân fan ’e Hetiten en boude dêr in stêd, dy’t er Lûz neamde. Sa hjit dy hjoed-de-dei noch.
27Manasse ferdreau it folk út Bet-Sjeän en de plakken dy’t dêrby hearre, net, noch it folk út Taänach mei de plakken dêrby, noch de bewenners fan Dor mei de plakken dêrby, noch de bewenners fan Jiblaïm mei de plakken dêrby, noch de bewenners fan Megiddo mei de plakken dy’t dêrby hearre. Sadwaande like it de Kanaäniten de baas en bliuw yn dat lân. 28Mar doe’t Israel sterker waard, makke it de Kanaäniten skatplichtich; alhoewol, har ferdriuwe, dat dienen se net. 29Efraïm hat de Kanaäniten dy’t yn Gêzer wennen, net ferdreaun, dat de Kanaäniten wennen yn Gêzer midden tusken har yn.
30Sebûlon hat de bewenners fan Kitron net ferdreaun, noch dy fan Nahalol, dat de Kanaäniten wennen midden tusken har yn, mar hja wienen skatplichtich.
31Azer hat de bewenners fan Akko net ferdreaun, noch dy fan Sidon, Achlab, Akzib, Chelba, Afyk en Rechob. 32Dat de Azeriten wennen midden tusken de Kanaäniten, de eardere bewenners fan it lân, yn, omdat se dy net ferdreaun hienen.
33Naftaly ferdreau de bewenners fan Bet-Sjêmesj net, noch dy fan Set-Anat, dat hja wennen midden tusken de Kanaäniten, de bewenners fan it lân, yn, mar de bewenners fan Bet-Sjêmesj en Bet-Anat wienen har wol skatplichtich.
34De Amoriten krongen de Daniten it berchlân yn, yn ’e delling woenen se har net talitte. 35De Amoriten lykwols woenen yn Bet-Chêres, Ajjalon en Sjaälbim bliuwe te wenjen. Mar doe’t it hûs fan Joazef mear mânsk waard, waarden de Amoriten skatplichtich. 36De grins fan ’e Amoriten rûn fan ’e Skorpioenepas oer Sêla en dan heger op.