De ferdieling fan Kanaän
1No komt wat de Israeliten yn Kanaän yn erfbesit krige hawwe, wat pryster Eleäzar en Jozua, de soan fan Nûn, en de famyljehaden fan ’e stammen de Israeliten yn erfbesit jûn hawwe. 2Sa is troch it lot, sa’t de Heare dat troch Mozes hjitten hie, oan ’e njoggen en in heale stam har erfdiel taparte. 3Mozes hie ommers oan ’e twa en in heale stam oare kant de Jordaan in erfdiel jûn en oan ’e Leviten hied er by it ferpartsjen gjin erfdiel jûn. 4De soannen fan Joazef lykwols hienen twa stammen: Manasse en Efraïm, mar se joegen de Leviten gjin oandiel yn it lân, mar stêden om yn te wenjen mei it weidlân dêromhinne foar har fee en besit. 5Lykas de Heare it Mozes hjitten hie, sa dienen de Israeliten by it ferdielen fan it lân.
It oandiel fan Kaleb
6De Judeeërs kamen by Jozua te Gilgal. Kaleb, de soan fan Jefûnne, de Kenizyt, sei tsjin him: Jo witte derfan wat de Heare tsjin Mozes, de Godsman, sprutsen hat oangeande jo en my yn Kadesj-Barnéa. 7Fjirtich jier wie ik, doe’t Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, my út Kadesj-Barnéa wei stjoerde om it lân te ferkennen, en doe’t ik weromkaam brocht ik ferslach út sa’t ik it yn my opnommen hie. 8Myn maten lykwols, dy’t mei my west hienen, makken dat it folk de moed ferlear, mar ik hâlde my folslein oan de Heare myn God. 9Doe hat Mozes my dy deis sward: De grûn dêr’t dyn foet oer rûn hat, sille do en dyn bern wis foar altyd as erfdiel hawwe, want do hast dy folslein oan de Heare, myn God, hâlden. 10En no, sjoch, de Heare hat my, lykas Er sein hie, yn it libben hâlden. It is no fiifenfjirtich jier lyn dat de Heare dat wurd tsjin Mozes sprutsen hat, doe’t Israel yn ’e woestyn swalke en sjoch, no bin ik hjoed in man fan fiifentachtich. 11Ik bin hjoed noch like sterk as doe’t Mozes my útstjoerde; lykas myn krêft doe wie, sa haw ik noch de krêft om te striden, en om te kommen en te gean. 12Jou my no dat berchlân dat de Heare my dy deis ûnthjitten hat. Jo hawwe ommers sels heard dat dêr Enakiten binne en grutte, fersterke stêden. Faaks sil de Heare mei my wêze en sil ik harren ferdriuwe, lykas de Heare sein hat.
13Doe segene Jozua him en hy joech oan Kaleb, de soan fan Jefûnne, Hebron as erfdiel. 14Sadwaande is Hebron it erfdiel fan Kaleb, de soan fan Jefûnne, oant hjoed-de-dei ta, omt er him folslein oan de Heare, de God fan Israel, hâlden hat. 15Eartiids hiet Hebron ‘stêd fan Arba’; dy Arba hie de grutste man ûnder de Enakiten west. Doe krige it lân rêst nei alle oarloch.