Wat noch net ferovere wie
1Doe’t Jozua âld wurden wie en op jierren kommen, sei de Heare tsjin him: Do bist âld wurden en op jierren kommen en der is noch frij wat lân oerbleaun om yn besit te nimmen. 2Dit is it lân dat oerbleaun is: 3De hiele krite fan ’e Filistinen en alles fan ’e Gesjûriten, fan ’e Sjichor, oan ’e kant fan Egypte ôf oant it gebiet fan Ekron yn it noarden, dat by de Kanaäniten rekkene wurdt; de fiif foarsten fan ’e Filistinen: dy fan Gaza, dy fan Asjdod, dy fan Asjkelon, dy fan Gat en dy fan Ekron en de Awwiten 4yn it suden; en fan Ara, dat fan ’e Sidoaniërs is, oant Afek ta, oant it gebiet fan ’e Amoriten ta; 5ek it lân fan ’e Gibliten en de hiele Libanon yn it easten, fan Baäl-Gad oan ’e foet fan ’e Hermon, oant men yn Hamat komt. 6Alle bewenners fan ’t berchlân fan ’e Libanon oant Misrefot-Maïm ta, alle Sidoaniërs sil Iksels foar ’e Israeliten út ferdriuwe. Ferlotsje it allinne mar ûnder Israel as erflik besit, lykas Ik dy hjitten haw. 7Dat ferdiel no dit lân as erfdiel ûnder ’e njoggen stammen en de heale stam fan Manasse.
De ferdieling fan it lân east fan ’e Jordaan
8Mei de oare heite fan Manasse hawwe de Rûbeniten en de Gaditen har erfdiel krige dat Mozes har jûn hie oan ’e eastkant fan ’e Jordaan lykas Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare har jûn hie: 9Fan Aroër ôf, dat oan ’e beek Arnon leit, de stêd yn it midden fan ’e delling, en de hiele flakte fan Medeba oant Dibon ta; 10ek alle stêden fan Sichon de kening fan ’e Amoriten, dy’t yn Chesbon regearre oan it gebiet fan ’e Ammoniten ta; 11ek Gileäd en it gebiet fan ’e Gesjûriten en de Maäkatiten, it hiele berchlân fan ’e Hermon en hiele Bazan oan Salka ta, 12it hiele keninkryk fan Og yn Bazan, dy’t yn Asjtarot regearre en yn Edreï. Dy wie ien fan ’e lêsten dy’t der noch oer wienen fan ’e Refaïten. Mozes hie beide keningen ferslein en ferjage. 13De Israeliten hienen lykwols de Gesjûriten en de Maäkatiten net útroege, dat Gesjûr en Maäkat wenje noch yn it fermidden fan Israel oant hjoed-de-dei ta. 14Allinne oan ’e stam fan Levy joech er gjin erfdiel; de fjoeroffers fan de Heare, de God fan Israel, dat is syn erfdiel, lykas Hy tsjin him sein hie. 15Oan ’e famyljes fan ’e stam fan Rûben hie Mozes dit lân jûn: 16it gebiet fan Aroër ôf dat oan ’e beek Arnon leit, de stêd yn it midden fan ’e delling mei de hiele flakte by Medeba; 17Chesbon en al syn stêden dy’t op ’e heechflakte lizze; Diban, Bamot-Baäl; Bet-Baäl-Meön; 18Jasa, Kedemot, Mefaät; 19Kirjatajim, Sibma en Searet-Hasjachar op ’e berch fan ’e delling, 20Bet-Peör, Asjdot, de skeanten fan ’e Pisga, Bet-Hajjesjimot 21en alle stêden op ’e heechflakte en it hiele keninkryk fan Sichon, de kening fan ’e Amoriten, dy’t regearre yn Chesbon en dy’t Mozes ferslein hie tagelyk mei de foarsten fan Midjan: Ewy, Rêkem, Sûr, Chûr en Rêba, fasallen fan Sichon, bewenners fan it lân. 22Ek Bileäm, de soan fan Beör, de wiersizzer, wie by de fersleinen. De Israeliten hawwe him mei it swurd deade. 23Sa wie de grins fan ’e Rûbeniten de Jordaan en it gebiet derby lâns. Dat wie it erfdiel fan ’e famyljes fan ’e Rûbeniten: de stêden en de doarpen dêrby.
24Oan ’e stam fan Gad, de famyljes fan ’e Gaditen, hie Mozes dit jûn: 25it gebiet fan Jazer en alle stêden fan Gileäd en de helte fan it lân fan ’e Amoniten oant Aroër ta dat foar Rabba oer leit, 26en fan Chesbon ôf oant Ramat-Mispe en Betonim ta; en fan Machanajim oant it gebiet fan Lidbir ta, 27en yn ’e delling Bet-Haram, Bet-Nimra, Sûkkot en Safon, it oerbleaune part fan it keninkryk fan Sichon, de kening fan Chesbon; de Jordaan en it gebiet derby lâns oan ’e ein fan ’e mar fan Kinnêret ta, oan ’e eastkant fan ’e Jordaan. 28Dat wie it erfdiel fan ’e Gaditen, famylje foar famylje, de stêden mei har doarpen.
29Fierder hie Mozes oan ’e heale stam fan Manasse, de famyljes fan ’e stam fan ’e Manassiten, dit jûn: 30it gebiet fan Machanajim ôf; hiele Bazan, it hiele keninkryk fan Og, de kening fan Bazan en alle tintdoarpen fan Jaïr, dy’t yn Bazan binne, sechstich stêden; 31en de helte fan Gileäd, Asjtarot en Edreï, stêden fan it keninkryk fan Og yn Bazan, krigen de bern fan Makir de soan fan Manasse, foar de helte fan Makirs bern, famylje foar famylje. 32Dat is it wat Mozes taparte hat yn ’e fjilden fan Moäb, oare kant de Jordaan, be-easten Jericho. 33Oan ’e stam fan Levy joech Mozes lykwols gjin erfdiel. De Heare, de God fan Israel, dy is har erfdiel, lykas Er sels tsjin har sein hat.