It earste antwurd fan ’e Heare: Wa hat alle sizzen oer himel, ierde en see?
1Doe joech de Heare út in ûnwaar wei Job antwurd. Hy sei:
2Wa is dat dêr, dy’t myn bedoeling fertsjusteret
mei gepraat sûnder ynsjoch?
3Set dy no as in man yn postuer:
Ik sil dy freegje en bring do My dan begryp by.
4Wêr wiesto, doe’t Ik de fûneminten fan ’e ierde lei?
Fertel it ris, ast in skerp ferstân hast!
5Wa lei de mjitten dêrfan fêst? Do witst it ommers.
Of wa hat dêr it mjitsnoer oer útspand?
6Wêr binne de fuotstikken dêrfan dellitten,
of wa hat de hoekstien fan ’e ierde lein,
7doe’t de moarnsstjerren mei-inoar optein songen
en al it himelfolk jubele?
8En wa twong de see tebek mei doarren,
doe’t dy brûzjend út ’e memmeskurte kaam,
9doe’t Ik har de wolken as klean joech,
ja, har yn ’e tsjustere loften bewuolle?
10Om har ferbriek Ik it gewoane berin,
want Ik sette dûbele doarren del mei in skoattel
11en sei: ‘Safier meisto komme en fierder net
en hjir moatte dyn oerstjoere weagen har deljaan.
12Hasto wol oait de nije moarn ûntbean,
de moarnsdage syn plak oanwiisd,
13om de seamen fan ’e ierde te gripen,
dat de kweadoggers der ôfskodde wurde?
14Sa feroaret de ierde as liem ûnder in segel,
de printen dêryn binne as de tearen fan in kleed.
15Mar kweaminsken wurdt it libben ôfnommen
en de heechopstutsen earm ferbrutsen.
16Bisto oan de boarnen fan ’e see takommen?
Hasto op dyn gongen de ûndergrûnsee trochsneupt?
17Binne de poarten fan ’e dea foar dy iepengien,
hasto de poarten fan it djipste tsjuster sjoen?
18Hasto in oersjoch oer de ierde yn har breedte?
Fertel it, want do witst dat ommers allegearre!
19Wêr is de wei nei it wenstee fan it ljocht,
en it tsjuster, wêr hat dat syn plak?
20En kinst it dan samar thúsbringe
en witst de paden nei syn hûs út ’e holle?
21Do witst dat, want do wiest der doe al
do hast der ommers al sa lang west!
22Hasto by it pakhûs fan ’e snie west?
Hast de skuorren sjoen, dêr’t de hagel opslein leit?
23Dy haw Ik opsparre foar in minne tiid,
foar in tiid fan oarloch en fan striid.
24Wêr is de wei dêr’t it ljocht alle kanten út sparket
en de eastewyn him oer de ierde útwaaie kin?
25Wa hat foar de stjalprein in sleat slatten
en in wei lein foar tonger en wjerljocht?
26Dan kin it reine op lân dêr’t gjinien is,
op in woestyn dêr’t gjin minske wennet,
27om sa in klearebare wyldernis sêd te boarnen
en gers útsprute en waakse te litten.
28Hat de rein in heit
of wa hat de daudrippen der brocht?
29Ut wa har skurte is it ús kommen
en wa brocht de himelske ryp te foarskyn?
30It wetter wurdt ûngemurken as in stien,
sels it djipste wetter bestivet fan boppen.
31Kinsto de Sânstjerre bine, boaden fan ’e maityd,
of de koarden losmeitsje fan ’e Reus?
32Kinsto de dieren fan ’e diereriem op har tiid útlitte,
de Bear mei syn jongen stjoere?
33Witsto de wetten fan ’e himel,
kinsto syn sizzen oer de ierde fêstlizze?
34Kinsto dyn stim oan de wolken ta útsette
dat in stjalprein oer dy komt?
35Wiisto de wjerljochtflitsen de wei
en sizze se tsjin dy: Dêr wienen wy al?
36Wa leit wysheid yn it ynderlike
of joech oan ’e sjenner ynsjoch?
37Wa telt de wolken fakkundich nei?
Wa kantelt de krûken fan ’e himel om,
38dat de kluten oaninoar plakke
en de moude fêstbakt en ferhurdet?
Wa hat it te sizzen oer de bisten?
39Kinsto foar in liuwinne de proai opjeie
en oan ’e roppigens fan jonge liuwen foldwaan,
40as se deldûke yn ’e hoalen,
yn it leechhout op ’e loer lizze?
41Wa besoarget in raaf syn fangst,
as syn jongen oan God skreauwe en sûnder foer omdoarmje?