1It hert bûnzet my derfan
en is alhiel op ’e rin.
2Hark! Harkje nei it rôljen fan syn stim, it gromjen út syn mûle!
3Hy lit it los de hiele himel troch,
syn wjerljocht struit Er oer de úthoeken fan ’e ierde!
4Dêr achteroan âlet it lûd,
Hy lit it droanje mei syn mânske stim.
Hy hâldt it net tsjin; syn stim wurdt hieltyd heard!
5Gods lûd droanet wûnderlik,
syn dwaan is grut, boppe ús ferstân.
6Hy hjit ommers de snie: Fal op ’e ierde!
En ek de stjalprein: Lit it reine dat it eazet!
7Dan bynt Er elkenien de hannen,
dat de minsken allegearre gewaar wurde: Hy giet oer it wurk!
8Dan geane de wylde bisten nei har skûlplakken,
jouwe har del yn har hoalen.
9Ut in krûp-yn komt de stoarmwyn oansetten,
en de beanhearre bringt bittere kjeld.
10God jout mei syn azem froast
en leit oer de wide wetterflakte in flier.
11Somtiden befrachtet Er de wolken mei focht,
de ljochte wolkjes ferstruit Er.
12Dan stowe se alle kanten út, mar neffens syn plan;
rûnom op ’e ierde dogge se wat Hy har hjit.
13As in stôk om de ierde te straffen as dat moat,
of as in geunstbewiis; altyd hat Er der in doel mei.
Ûntsach! God ferskynt yn syn gloarje!
14Harkje no goed, Job, en hâld jo stil.
Alle omtinken foar it wûnderbaarlike wurkjen fan God!
15Witte jo, hoe’t God de wolken skikt
en dêryn syn ljocht skitterje lit?
16Witte jo, hoe’t de wolken sweevje,
wûnders fan Him dy’t oer alle kanten kundich is?
17Jo? Jo klean wurde gleon
as de ierde yn swym leit ûnder de soele sudewyn!
18Kinne jo, lykas Hy, in ferwulft meitsje foar de wolken
sa fêst as in getten spegel?
19Leare jo ús mar wat wy tsjin Him sizze moatte.
Wy kinne it net foarinoar krije mei sa’n tsjustere saak.
20Sil ien Him fertelle: ‘Ik wol wat sizze!’
In minske dy’t sa òpsprekt, sil neat fan oerbliuwe!
21It iene momint sjogge wy gjin ljocht mear,
de sinne giet beskûl achter de wolken,
mar de wyn strykt derlâns en faget alles skjin.
22Ut it noarden komt in gouden glâns:
om God hinne is in skittering dy’t ferbjusteret!
23De Almachtige kinne wy net útfine,
sa heech is Er yn macht, mar ek yn rjocht,
Hy sil it net ferdraaie, want Hy is o sa rjochtfeardich!
24Dêrom hawwe de lju ûntsach foar Him;
en de tûkste tinkers – Hy taalt der net nei.