Sa wie it earder!
1En Job gong fierder mei syn útspraken. Hy sei:
2Och wie ik mar as yn eardere moannen,
as yn ’e dagen doe’t God noed foar my stie,
3doe’t syn lampe my helder boppe de holle skynde
en ik yn syn ljocht troch it tsjuster gong!
4Sa’t ik wie yn myn ripe jierren
doe’t God my en myn folk sa benei wie,
5doe’t de Almachtige it noch mei my hâlde:
de bern hie ik om my hinne.
6Ik siet doe folop yn ’e rjemme
en njonken my brûsde de oalje út ’e rots.
7As ik derop útgong nei de stedspoarte
en myn stoel op it plein sette liet,
8dan seagen de jonges my en hâlden har skruten tebek,
stokâlde lju joegen har op en bleauwen stean.
9Lju fan kwizekwânsje hâlden de wurden yn,
leinen de hân op ’e mûle.
10Foaroanmannen doarsten gjin lûd mear jaan,
de tonge klibbe har fêst oan it ferwulft.
11It wie sa: wa’t my hearde, prize my as in lokkich man,
wa’t my seach, dy bearde oer my.
12Want in earme lijer dy’t om help rôp, plichte ik te rêden,
de wees en dy’t gjin stipe hie.
13Ien dy’t faai stie, segene my
en it hert fan ’e widdo liet ik jubelje.
14Gerjochtichheid naam ik as sier en it stie my tige,
as in mantel en in kape dêrby wie myn suvere rjochtspraak.
15Ik wie foar in blinen-ien it each,
foar ien, min op ’e gong, de foet.
16In heit wie ik foar de earmen,
ien dy’t ik net iens koe, holp ik oan syn rjocht.
17In minnen hont sloech ik de kake stikken
en skuorde him de bút tusken de tosken wei.
18Ik tocht: Ik nustelje my noflik en sil sa de ein wol helje
en de dagen rûgelje my noch ta as sânkerrels.
19Myn woartel sil altyd by it wetter komme kinne,
en nachts leit de dauwe wol op myn twigen.
20Ik krij hieltyd mar wer nije eare
en myn libbenskrêft fearret altyd wer op.
21Hja harken nei my en wachten,
se wienen stil as ik rie joech.
22As ik sprutsen hie, kaam der gjin ferhaal op,
myn rede siigde op har del as in sêfte rein.
23Se seagen dernei út as nei in buike,
de mûle foel har iepen as foar in maitydsrein.
24As ik har talake, dan woenen se it suver net leauwe,
mar se lieten myn blier gesicht net belûke!
25Socht ik har selskip út, dan siet ik dêr as nûmer ien,
ik rekke as in kening op ’e troan tusken de grutte kloft,
oan elk dy’t slim fertriet hie, joech ik treast.