Wêr en wat is de wiere wysheid?
1Wis, der is in oarde dêr’t men sulver fynt
en in plak dêr’t men goud wasket;
2izer wurdt út it ierdryk helle
en ertsstien smelt men om ta koper.
3De minske makket oan it tsjuster in ein.
Sa djip as er kin, ûndersiket er de stiennen yn ’t swarte tsjuster.
4Hy boarret in skacht, in ein út ’e reek, dêr’t gjin mins komt.
En dêr hingje en slingerje se, fier fan ’e minsken.
5De ierde dêr’t it brea fan komt,
wurdt dêrûnder as mei fjoer omkeard.
6Men fynt yn har stienlaach it blauwe juwiel
en mei gouddieltsjes deryn.
7It paad dêrhinne – gjin rooffûgel dy’t it wit,
it skerpe each fan ’e gier kin it net sjen.
8Grutske bisten begeane dy wei net,
de liuw trapet der net lâns.
9De minske allinne slacht de hân oan hompen stien,
hy wrot de bergen om oan ûnderen ta.
10Yn ’e rotsen hout er gongen út:
dêr sjocht syn each allegear kostber spul!
11Streamen dammet er wetterticht ôf
om wat djip ferskûle lei, oan it ljocht te bringen.
12Mar de wysheid, wêr moat men dy fine?
En wêr hâldt dochs it ynsjoch ta?
13De minske wit net, wêr’t er se foar besette kin,
men kin har net fine yn it lân fan ’e libbenen.
14De wetterdjipte seit: Yn my is se net,
en de see seit: Se is net by my.
15Se is foar gjin goud te krijen
en mei gjin sulver te beteljen.
16Se kin net op jild set wurde yn goud út Ofir
noch yn kostbere reade en blauwe edelstiennen.
17Goud noch glêswurk kinne har belykje,
men ferkwânselt har net tsjin guod fan klearebare goud.
18Pearelmoer noch kristal kinne by har neamd wurde,
it winnen fan wysheid is mear as fan koralen.
19It griene juwiel fan Etiopië kin perfoarst net tsjin har út,
se kin net taksearre wurde yn it suverste goud.
20Dy wysheid dan – wêr komt se wei?
En wêr fynt men ynsjoch?
21Se is fier út it each fan al wat libbet,
sels foar de fûgels yn ’e loft is se ferburgen.
22De ôfgrûn en de dea sizze:
Wy hawwe der allinne fan grútsjen heard.
23God wit har wei, Hy ken har stee,
24want Hy skôget oan ierdryks einen ta,
alles wat ûnder de himel is, sjocht Hy oanienwei.
25Doe’t Hy fêststelde hoe hurd de wyn waaie
en hoe fier it wetter rinne soe,
26doe’t Hy de rein de wet foarskreau
en de wei foar de tongerwolken,
27doe seach Er har en bedjippe har,
Hy stalde har út en befieme har folslein.
28En tsjin ’e minsken sei Er: Tink derom:
ûntsach foar de Heare, dat is wysheid;
it kwea mije, dat is ynsjoch.