Opskrift
1Wurden fan Jeremia, de soan fan Chilkía, ien fan ’e prysters út Anatot yn it lân Benjamin. 2De Heare liet him syn wurd takomme yn ’e tiid fan kening Josjia fan Juda, de soan fan Amon, yn it trettjinde jier fan syn regear; 3yn ’e tiid fan kening Jojakim fan Juda, de soan fan Josjia; en dat is trochgien oan ’e ein fan it alfte jier fan kening Sedekía fan Juda, de soan fan Josjia, ta. Doe is Jeruzalem de ballingskip yngien; dat wie yn ’e fyfte moanne.
De ropping fan Jeremia
4Ik krige dit wurd fan de Heare:
5Ear’t Ik dy foarm joech yn ’e memmeskurte,
haw Ik dy derút kend;
eardatsto út it memmeliif kaamste,
haw Ik dy al wijd
om profeet foar de folken te wêzen.
6Mar ik sei: Och God, myn Heare, wier, ik bin gjin man fan it wurd, ik bin noch mar in jongfeintsje. 7De Heare sei lykwols tsjin my:
Sis no net, datst mar in jongfeintsje bist,
want oeral dêr’t Ik dy hinne stjoer, silsto gean
en alles sizze wat Ik dy te sizzen jou.
8Do hoechst net bang te wêzen foar dy lju,
want Ik stean dy by om dy derút te rêden,
is de godsspraak fan de Heare.
9Doe stiek de Heare de hân út en rekke myn mûle oan; en de Heare sei tsjin my:
Sjoch, Ik jou dy myn wurden yn ’e mûle!
10Ja, Ik jou dy hjoed-de-dei folmacht by de folken en de keninkriken,
om út te skuorren en del te heljen,
om te fernielen en te ferneatigjen,
om te bouwen en te plantsjen.
Twa fizioenen: 1 de mangelbeam
11Ik krige dit wurd fan de Heare: Wat sjochsto, Jeremia? Ik sjoch in tûke dy’t der ier by is, in mangeltûke, sei ik. 12Doe sei de Heare tsjin my: Dat hasto goed sjoen! Want ik bin der ek ier by om myn wurd nei te kommen.
2 de siedende pôt
13Foar de twadde kear krige ik in wurd fan de Heare. Hy sei: Wat sjochsto? Ik sei: Ik sjoch in siedende itenspôt, dy’t fan ’e noardkant ôf skean oerhinget. 14Doe sei de Heare tsjin my:
Ut it noarden wei komt it ûnheil opsetten
tsjin allegearre dy’t yn dit lân wenje.
15Want Ik bin kommen
om alle keninkriken fan it noarden op te roppen –
is de godsspraak fan de Heare –
se sille komme en elk sil syn troan sette
flak foar de poarten fan Jeruzalem,
tsjin de muorren dêromhinne
en tsjin alle stêden fan Juda.
16Dan sil Ik myn oardiel oer har útsprekke
foar it kwea dat se dien hawwe troch My te ferlitten,
rûkoffers te brânen foar oare goaden
en har yn oanbidding te bûgen foar wat se sels makke hawwe.
Befel om te gean
17Kom oan dan, ris dy ta,
jou dy oerein en sis tsjin harren alles wat Ik dy hjit.
Skrilje net foar harren tebek,
oars sil Ik dy foar har skrilje litte.
18Sjoch, Ik meitsje fan dy hjoed in fersterke stêd,
in izeren pylder,
in brûnzen muorre dy’t it hâlde kin tsjin it hiele lân,
tsjin ’e keningen fan Juda en tsjin syn foarmannen,
tsjin syn prysters en tsjin syn hiele lânadel.
19Se sille mei dy yn ’e slach gean,
mar dy net oan kinne,
want Ik stean dy by om dy derút te rêden –
is de godsspraak fan de Heare.