Wurd foar timpelbouwers
1Dit hat de Heare te sizzen:
De himel is myn troan
en de ierde myn fuotskammel.
Wêr soenen jimme dan in hûs foar My bouwe,
en wat stee as myn rêstplak kieze?
2Mei eigen hân haw Ik dat ommers allegear makke,
it is allegear mines, is de godsspraak fan de Heare.
De man dy’t ûnder leit,
dy’t ferslein is en bevet foar myn wurden,
dat is de man dêr’t Ik nei omsjoch.
3Mar in bolle slachtsje en tagelyk in minske deameitsje,
in skiep offerje en tagelyk in hûn de nekke brekke,
in moaloffer bringe en tagelyk bargebloed offerje,
as earbewiis wijreek baarne en tagelyk in ôfgod hulde dwaan?
Sjoch, krekt sa’t dy lju der sokke praktiken op nei hâlde
en nocht hawwe oan har eigen grousume dieden,
4sa wol Ik harsels no ûnder hannen nimme
en de dingen oer har komme litte,
dêr’t se sa bang foar wienen.
Ik rôp ommers, mar gjinien joech antwurd.
Ik spriek, mar se harken net;
se hawwe dien wat by My ferkeard is
en foar kar nommen wat My net oanstie.
It grutte oardiel
5Hear it wurd fan de Heare,
jimme dy’t beevje foar syn wurd:
Jimme lânslju dy’t jim haatsje,
dy’t jim ferachtsje om’t jim myn namme drage,
dy hawwe sein: ‘Lit de Heare syn gloarje mar ris toane,
dat wy sjen kinne, hoe fleurich as jim der foarsteane.’
Mar hja sille sels beskamme weikomme.
6Hark, al dat lûd út ’e stêd wei.
Dat lûd út ’e timpel.
Hark, it is de Heare
dy’t mei syn fijannen ôfrekkenet.
7Soe in frou in bern krije
ear’t se de fleagen hat?
Soe se in soan te wrâld bringe
ear’t de weeën har oankomme?
8Wa hat oait fan soks heard?
Wa hat oait sokssawat sjoen?
Kin in hiel lân der yn ien dei komme
of in folk der samar ynienen wêze?
Mar Sion hie mar amper de fleagen,
of de bern wienen der al.
9Soe Ik dan de ûntsluting bringe
en it bernjen oergean litte?
seit de Heare.
Soe Ik dy’t bernje lit, de skurte wer ôfslute?
seit dyn God.
10Wês bliid mei Jeruzalem en jubelje it út om har,
allegearre dy’t har leafhawwe;
gean hielendal mei har op yn blydskip,
jim allegearre dy’t fan har yn ’e rouwe wienen;
11dan kinne jim mar drinke, jim sêd drinke
oan har treastjaande boarsten
en jim oerfloedich ferkwikke
oan har rynsk memmeboarst.
12Want dit hat de Heare te sizzen:
Sjoch, Ik lit de frede komme
en as in rivier oer har hinne streame
en de rykdom fan ’e folken
as in folle wetterstream.
Har bern sille op ’e earm droegen
en op ’e knibbel oanhelle wurde.
13Lykas in bern treast fynt by de mem,
sa krije jimme treast by My;
en dy sille jim yn Jeruzalem fine.
14Jim sille it sjen en fan herten bliid wêze
en jimme lea sille wer fris wêze as nijgers.
De Heare sil syn tsjinners syn macht blike litte
en syn fijannen syn grime.
15Want sjoch, de Heare komt yn in see fan fjoer,
syn weinen jeie as in stoarmwyn
om yn syn gleone grime ta te slaan
mei de driging fan syn lôgjend fjoer.
16Want te fjoer en te swurd sil de Heare rjochtdei hâlde oer al wat libbet,
in grut tal sil troch de Heare komme te fallen.
17Dy’t harsels hilligje en suverje om de hôven yn te gean,
achter ien oan, dy’t yn ’e midden stiet;
de lju dy’t bargeguod ite,
en rotten en mûzen,
komme mei-inoar oan har ein, is de godsspraak fan de Heare,
18want Ik wit, wat se dogge en tinke.
Slotwurd
Dan kom Ik om de folken mei al har talen byinoar te bringen. En se sille komme en myn hearlikheid sjen 19en Ik jou harren in teken. Guon fan harren dy’t Ik sparre haw, stjoer Ik nei de heidenfolken ta, nei Tarsjisj, Pût en Lûd, Mêsjek, Roosj, Tûbal en Jawan, nei de fiere lannen oan ’e seekant, dy’t noch noait fan My heard en myn hearlikheid noch noait sjoen hawwe; en se sille myn hearlikheid ûnder dy folken ferkundigje. 20By alle heidenfolken wei sille se jim lânslju werombringe, op hynders, yn weinen en yn draachstuollen, op dromedarissen en kamielen, as offer foar de Heare op myn hillige berch te Jeruzalem, seit de Heare, krektsa’t dy fan Israel moaloffers nei it hûs fan de Heare bringe yn suvere skalen. 21Ek fan dyen sil Ik guon as pryster en levyt nimme, seit de Heare.
22Want lykas de nije himel
en de nije ierde dy’t Ik meitsje,
foar myn eagen bestean sille – is de godsspraak fan de Heare –
sa sille jim neiteam en jim namme bestean.
23En fan ’e iene nije moanne op ’e oare,
en fan sabbat op sabbat
sil al wat libbet foar My ferskine
en My oanbidde,
seit de Heare.
24Dan sille se nei bûten gean en de liken lizzen sjen
fan harren dy’t it tsjin My yn ’e kant set hawwe.
De wjirm yn har stjert net
en it fjoer om har hinne giet net wer út,
in ôfgriis foar al wat libbet.