De Israeliten krije spyt
1No hienen de mannen fan Israel te Mispa sward: Gjinien fan ús sil syn dochter oan Benjamin as frou jaan. 2Doe’t it folk te Bet-El oankommen wie, bleauwen se dêr oan ’e jûn ta by God en hja begûnen lûdop te gûlen mei gâns gebear. 3Hja seinen: Wêrom, o Heare, God fan Israel, moast dat no sa yn Israel, dat der hjoed ien stam út Israel mist wurdt? 4De oare moarns wie it folk der al betiid by en hja bouden dêr in alter en brochten brân- en frede-offers. 5En de Israeliten seinen: Wa is der út alle stammen fan Israel, dy’t net opkommen is nei de gearkomste by de Heare? Der wie nammentlik in swiere eed dien oer wa’t net opkomme soe by de Heare te Mispa. Hja hienen sein, dat dy wis stjerre soe. 6Mar doe begrutte it de Israeliten om har broer Benjamin en hja seinen: Der is hjoed ien stam út Israel ôfsnien. 7Wat moatte wy dwaan om har dy’t oerbleaun binne oan in frou te helpen? Wy hawwe ommers sward by de Heare, dat wy har ús dochters net as frou jaan soenen. 8Doe seinen se: Is der ek ien dy’t net opkommen is nei de Heare te Mispa? En it die bliken, dat der gjinien út Jabesj yn Gileäd op ’e gearkomste yn it leger kommen wie. 9It folk wie nammentlik meunstere en doe die it bliken, dat der gjinien fan ’e bewenners fan Jabesj yn Gileäd wie.
400 Benjaminiten krije in frou
10Doe stjoerde de gemeente dêr tolve tûzen man soldatefolk hinne en hja droegen har op: Gean hinne en ferslach de ynwenners fan Jabesj yn Gileäd mei it blanke swurd, ek de froulju en de bern. 11Dit is wat jim dwaan moatte: Alle manfolk en elke frou dy’t mienskip mei in man hân hat, moatte jim útbanne. 12Hja troffen ûnder de ynwenners fan Jabesj yn Gileäd 400 jonge froulju oan, jongfammen dêr’t gjinien fan noch mienskip mei in man hân hie. Dy brochten se nei it kamp te Sjilo yn it lân Kanaän.
13Dêrop stjoerde de hiele gemeente guon derop út nei de Benjaminiten ta, dy’t op ’e rots Rimmon wienen, om mei har te praten en frede te sluten. 14Dat sa kamen doe de Benjaminiten werom en hja joegen har de froulju dy’t hja fan ’e froulju út Jabesj yn Gileäd yn libben litten hienen, mar der blieken net genôch foar har te wêzen.
De oaren bemachtigje ek noch in frou
15En it begrutte it folk om Benjamin, om’t de Heare in breuk slein hie ûnder de stammen fan Israel. 16Dat de âldsten fan ’e gemeente seinen: Wat moatte wy dwaan om de oaren oan in frou te helpen? De froulju binne ommers út Benjamin útroege. 17Fierder seinen se: It besit fan dy’t ûntkommen binne, heart oan Benjamin. Der moat gjin stam út Israel útroege wurde. 18Mar wy kinne har gjin frou jaan út ús jongfammen, want de Israeliten hawwe sward: Ferflokt is, dy’t in frou oan Benjamin jout. 19Dat se seinen: Sjoch, der is alle jierren in feest foar de Heare te Sjilo. Dat lei noard fan Bet-El, east fan ’e grutte wei dy’t fan Bet-El nei Sichem rint en súd fan Lebona.
20Hja hieten de Benjaminiten: Gean hinne en krûp fanside yn ’e druvehôven. 21As jimme dan sjogge dat de fammen fan Sjilo yn raaidûnsen de stêd útkomme, dan moatte jim út ’e druvehôven weikomme. Dan kin elk foar himsels in frou út ’e fammen fan Sjilo pakke en dêrmei nei it lân Benjamin gean. 22Mochten dan har heiten of bruorren by ús komme om har te bekleien, dan sille wy tsjin har sizze: Gun se har mar, want wy hawwe yn ’e striid net foar elke man in frou krije kinnen. Jimme hawwe se ommers sels net jûn; yn dat gefal hienen jim skuldich west. 23En dat dienen de Benjaminiten. Hja pakten elk ien fan ’e dûnsjende fammen en namen dy mei. Doe gongen se fuort en kearden werom nei har erfdiel. Hja bouden de stêden wer op en setten har dêryn nei wenjen.
24En de Israeliten gongen doe dêrwei wer útinoar, in elk nei syn stam en syn famylje. Sa gong in elk dêrwei nei syn erfdiel.
25Yn dy dagen wie der gjin kening yn Israel. In elk die mar sa’t it him goedtocht.