Benjamin straft en omtrint útroege
1Doe gongen alle Israeliten, fan Dan oant Beër-Sjêba en it lân Gileäd, fan hûs ôf en de gemeente kaam as ien man byinoar by de Heare te Mispa. 2De lieders fan it folk út alle stammen fan Israel stelden har op foar de gemeente fan Gods folk, dat fjouwerhûndert tûzen man fuotfolk sterk wie, dy’t har mei it swurd rêde koenen. 3De Benjaminiten hearden dat de Israeliten te Mispa opkommen wienen en de Israeliten seinen: Sis ris op: hoe is it om en ta gien mei dat ferkearde stik? 4De Levyt, de man fan ’e fermoarde frou, joech antwurd. Hy sei: Ik wie mei myn byfrou oankommen te Gibeä, dat by Benjamin heart, om te oernachtsjen. 5Mar de boargers fan Gibeä kamen tsjin my opsetten en sleaten de nachts om my it hûs yn. My wienen se fan doel dea te meitsjen en myn byfrou ha se tenei west, dat se it bestoar. 6Doe haw ik myn byfrou nommen, yn stikken snien en nei alle dielen fan Israels erfbesit stjoerd, want se hawwe in skandestik, in dwaasheid útheefd yn Israel. 7En no binne jimme allegearre Israeliten. Praat dêr ûnderinoar oer en jou hjir ried.
8Doe riisde it hiele folk as ien man oerein en sei: Gjinien fan ús mei nei syn tinte gean en gjinien giet werom nei hûs. 9En no dogge wy dit mei Gibeä: op har ta! Wy lotsje hoe-en-wat. 10Wy nimme tsien man op ’e hûndert út alle stammen fan Israel, hûndert op ’e tûzen en tûzen op ’e tsientûzen om foar it iten fan it folk te soargjen, dan kin it folk, as it oankommen is, Gibeä de dwaasheid dy’t se yn Israel dien hawwe, ferjilde.
11Sa kaam alleman fan Israel byinoar tsjin ’e stêd, as ien man mei-inoar ferbûn. 12De stammen fan Israel stjoerden manlju troch de hiele stam fan Benjamin om te sizzen: Wat is dat foar kwea, dat by jimme foarfallen is? 13No dan, leverje dy mannen út, dy dogeneaten dêr yn Gibeä, dan sille wy har deadzje om sà it kwea yn Israel út te roegjen.
De Benjaminiten woenen lykwols net harkje nei wat har bruorren, de Israeliten, seinen. 14Mar de Benjaminiten kamen út har stêden wei byinoar by Gibeä om de striid mei de Israeliten oan te gean. 15Dy deis waarden de Benjaminiten út ’e stêden meunstere: 26.000 manlju, dy’t har mei it swurd rêde koenen. Apart waarden 700 útsochte manlju meunstere út ’e ynwenners fan Gibeä. 16Under al dat folk wienen 700 útsochte mannen dy’t links wienen. Dy koenen allegearre in stien slingerje op in hier en it miste har noait.
17De mannen fan Israel, sûnder Benjamin, waarden meunstere op 400.000 manlju, dy’t har mei it swurd rêde koenen. Dat wienen allegearre kriichslju. 18Doe brieken se op en gongen nei Bet-El en hja fregen God om in útspraak. Hja seinen: Wa fan ús moat foarop yn ’e striid mei Benjamin? En de Heare sei: Juda moat foarop!
19Dêrop brieken de Israeliten yn ’e moarntiid op en legeren har tsjin Gibeä. 20En de mannen fan Israel trieken út om de striid mei Benjamin oan te gean en de Israeliten stelden har yn slachoarder op foar Gibeä. 21Mar de Benjaminiten kamen út Gibeä wei nei bûten en sloegen dy deis ûnder Israel 22.000 man tsjin ’e grûn. 22It folk fan ’e Israeliten hâlde lykwols moed en hja fersammelen har om har yn slachoarder op te stellen foar de striid op itselde plak dêr’t se har de foarige deis opsteld hienen. 23En de Israeliten gongen hinne en skriemden foar de Heare oan ’e jûn ta en hja fregen oan de Heare en seinen: Moat ik nochris wer de striid oangean mei de soannen fan Benjamin, myn broer? De Heare sei: Gean der mar op ta!
24Mar doe’t de Israeliten de twadde deis wer op ’e Benjaminiten tasetten, 25en de Benjaminiten op dy twadde dei ta Gibeä útkamen, sloegen se nochris ûnder de Israeliten 18.000 man tsjin ’e grûn, dy’t har allegearre mei it swurd rêde koenen. 26Dat alle Israeliten, alle folk, gongen fuort en kamen te Bet-El. Dêr setten se har foar de Heare del te skriemen. Hja fêsten oan ’e jûn ta en brochten brân- en frede-offers foar de Heare.
27Doe fregen de Israeliten oan de Heare. Yn dy dagen wie de arke fan Gods ferbûn dêr nammentlik, 28en Pinechas, de soan fan Eliäzar, de soan fan Aäron die yn dy dagen dêrby tsjinst. Hja seinen: Moat ik nochris wer de striid mei de soannen fan myn broer Benjamin oangean of moat ik ophâlde? De Heare sei: Gean derop ta, want moarn sil Ik him dij yn hannen jaan.
29Doe lei Israel guon fan har ferside om Gibeä hinne 30en de Israeliten setten dy tredde deis op ’e Benjaminiten ta en stelden har lykas de oare kearen yn slachoarder op tsjin Gibeä. 31Doe’t de Benjaminiten derút setten kamen, it folk yn ’e mjitte, waarden se by de stêd weilokke. En hja begûnen lykas de oare kearen deaden ûnder it folk te meitsjen op ’e grutte wegen, dêr’t de iene fan nei Bet-El giet en de oare oer it fjild nei Gibeä, sa’n tritich man fan Israel. 32De Benjaminiten tochten: Hja wurde al wer ferslein lykas earder. Mar de Israeliten hienen ôfpraat: Lit ús útnaaie en har by de stêd weilokje nei de grutte wegen. 33En de Israeliten wienen allegearre út har stelling kommen en hienen har yn slachoarder opsteld te Baäl-Tamar. Ek dy’t fan Israel ferskûle wienen, kamen út har skûlplak, it strewelleguod by Geba, wei. 34En sa kamen der tsien tûzen man, útkeazen út hiele Israel, foar Gibeä oan en it waard in swiere striid. Mar de Benjaminiten begriepen net dat it ûnheil oer har kaam. 35Want de Heare fersloech Benjamin foar de eagen fan Israel en de Israeliten deaden dy deis ûnder Benjamin 25.100 man. Allegearre wienen dat guon dy’t har mei it swurd rêde koenen.
36Doe seagen de Benjaminiten dat se ferslein wienen. Mar de Israeliten hienen Benjamin de romte jûn, want se fertrouden op de mannen dy’t har ferdekt tsjin Gibeä opsteld hienen. 37En dy’t ferskûle wienen, dienen fluch in oanfal op Gibeä. Hja trieken op en fersloegen de stêd mei it blanke swurd. 38No wie der in ôfspraak tusken de Israeliten en de mannen dy’t fanside west hienen, dat as dy optrieken, hja reeksynjalen út ’e stêd wei jaan soenen.
39Doe’t de Israeliten har yn ’e striid omkearden, wie Benjamin al begûn ûnder de Israeliten deaden te meitsjen, sa’n tritich man. Hja tochten ommers: Wierliken, ek no wer wurde se hielendal troch ús ferslein, lykas yn ’e earste slach. 40Mar it synjaal, de wolk fan reek, begûn út ’e stêd wei omheech te kommen en doe’t Benjamin achterom seach: sjochdêr, de hiele stêd gong yn reek op. 41Doe’t de Israeliten har omkeard hienen, besaude Benjamin him, want se seagen dat it ûnheil oer har kommen wie. 42Dat se kearden har fan ’e Israeliten ôf, de kant út fan ’e woestyn. Mar de striid wie dêrmei net út foar har, mei’t dy’t út ’e stêd kamen, har der tuskenyn namen en har ferneatigen. 43Hja sleaten Benjamin yn, hja jagen har op oant flakby de eastkant fan Gibeä sûnder him rêst te gunnen. 44Der foelen fan Benjamin 18.000 man, allegearre kriichslju.
45Doe kearden se har om en naaiden út, dat út nei de woestyn, nei de rots Rimmon, mar de Israeliten fersloegen neitiid op ’e grutte wegen nochris 5000 man en hja bleauwen har op ’e hakken sitten oan Gibeä ta en sloegen doe fan har 2000 man dea. 46Sadwaande foelen dy deis mei-inoar 25.000 man. Allegearre wienen dat kriichslju, dy ’t har mei it swurd rêde koenen. 47Mar 600 man kearden har om en naaiden dat út nei de woestyn, nei de rots Rimmon en hja bleauwen fjouwer moanne op ’e rots Rimmon. 48De mannen fan Israel lykwols gongen werom nei de Benjaminiten en deaden har mei it blanke swurd, sawol de minsken út ’e stêd as it fee, ja alles dat se oantroffen. Ek jagen se de brân yn alle stêden, dy’t dêr te finen wienen.