Jeruzalem belegere en bef rijd
1Wee Ariël, wee Ariël!
de festing dêr’t David syn legerkamp hie.
Lit jier nei jier foarbygean,
lit de feesten har rûnte slute.
2Mar dan sil Ik Ariël yn it near driuwe,
dan sil der suchte en klage wurde,
dan meitsje Ik der foargoed in Ariël fan.
3Fan alle kanten sil Ik dy belegerje,
in ring fan wachtposten om dy hinne sette
en skânzen tsjin dy opsmite.
4Delslein ast bist, sil dan dyn stim út ’e grûn weikomme
yn wurden, troch it stof bedimme;
dyn lûd sil út ’e grûn weikomme
as dat fan in geast
en piipjend sil dyn wurd út it stof komme.
5As fyn stof, sa machtich wurde dyn tsjinstanners,
ferwynderjend tsjêf, sa machtich wurde dyn oerweldigers.
Mar it sil op in stuit, ynienen barre,
6dat de Heare Almachtich it foar dy opnimt,
mei tonger, ierdbeving en grut geweld,
mei stoarm en ûnwaar en de flamme fan frettend fjoer.
7En it sil wêze as mei in dream, in nachtgesicht,
mei dy macht fan folken dy’t Ariël beoarlogje,
ja, mei allegear dy’t tsjin him en tsjin syn skânzen stride en him yn it near bringe.
8Sa sil it wêze:
Sa’t in man dy’t honger hat, dreamt
en himsels iten sjocht,
mar wekker wurdt en noch like flau is en hol yn ’t liif;
of sa’t ien dy’t fergiet fan ’e toarst, dreamt
en himsels drinken sjocht,
mar wekker wurdt en noch like toarstich en ferrêde is,
sa sil it mei dy macht fan folken gean
dy’t tsjin ’e berch Sion oarlogje.
Tsjin geastlikferbline lju
9Stean der mar ferbjustere by,
set de blynkape mar op;
wês mar dronken, mar net fan ’e wyn,
stuitelje der mar oer, mar net fan ’e sterke drank.
10Want de Heare hat in geast fan djippe slom
oer jim útstoart,
jimme eagen – de profeten – tichtsmard;
en jimme hollen – de sjenners – bewuolle.
11Dêrtroch seit al wat jim te sjen krije, jim likefolle as de wurden yn in sletten boek: jou dat oan ien dy’t lêze kin en sis: Toe, lês dat ris; dan sil er sizze: Dat kin ik net, want it sit fersegele. 12Jout men dat boek oan immen dy’t net lêze kin en seit men dan: Toe lês dat ris! dan sil dy sizze: Ik kin net lêze. 13Doe sei de Hear:
Om’t dit folk allinne mei de mûle
by My komt
en My mei de lippen earet,
mar har hert fier fan My ôfhâldt
en har ûntsach foar My oars net is as in gebod fan minsken,
in oanleard leske,
14dêrom sil Ik trochgean en ferbjusterje dit folk,
mei wûnderbaarlike wûnders;
de wysheid fan syn wizen bliuwt neat fan oer
en it ferstân fan syn ferstannige lju fertsjusteret.
15Wee de lju dy’t har plannen
djip foar de Heare ferhoalen hâlde;
dy’t, as se har wurk yn it tsjuster dogge,
sizze: Wa fernimt ús, wa soe der wat fan oan ’e weet komme?
16Ja, jim sette alles op ’e kop!
As soe de pottebakker lykstean mei it liem,
as soe it wurkstik fan dy’t it makke hat, sizze kinne:
Hy hat my net makke,
of de pot fan ’e pottebakker:
Hy hat der gjin ferstân fan!
It wurk fan de Heare
17It duorret ommers mar in hoart
en de Libanon feroaret yn in hôf,
en it hôf sil sa ticht wurde as in wâld.
18Dy deis sille doven hearre wat beskreaun stiet
en de eagen fan ’e blinen sille wer sjen,
ferlost út ’e tsjustere nacht.
19De lytse lju sille wer blydskip fine yn de Heare
en de allerearmsten sille har blidens
yn de Hillige fan Israel útjubelje.
20Dan is it dien mei de geweldner,
dan is it út mei de spotter;
dan wurde se útroege,
allegear dy’t it ferkearde wolle,
21de lju dy’t by rjochtsaken de minsken swart meitsje en
de rjochter yn ’e poarte strûpen sette,
dy’t samar it rjocht ûntkeare oan
wa’t yn syn rjocht stiet.
22Dêrom hat de Heare, de God fan it hûs Jakob,
Hy dy’t Abraham ferlost hat, dit te sizzen:
Tenei sil Jakob net langer te skande stean,
en syn gesicht net mear fan kleur fersjitte.
23Want as syn bern sjogge,
wat Ik yn har fermidden dien haw,
dan sille se myn namme hillich neame,
hja sille de Hillige fan Jakob hillich neame
en foar de God fan Israel huverje fan ûntsach;
24dan sille de dwylgeasten har ferstân krije
en de dwersbongelders reden ferstean.