It foarbyld fan Samaria
1Wee dy sûpers út Efraïm, mei har krânse grutsk om ’e holle,
mei har útdaagjende pracht fan ferwyljende blommen,
dy’t heech boppe de rike delling útriist,
dy lju, bedwelme fan wyn.
2Tink derom: de Heare hat ien dy’t sterk en machtich is,
as in giseljende hageljacht, as in fernielende stoarm;
as in wylde wetterfloed dy’t oer alles hinnebrûst,
reaget er alles tsjin ’e flakte.
3Dy sûpers fan Efraïm, har grutske krânse
sil folslein ferwâde wurde
4en de útdaagjende pracht fan ferwyljende blommen,
dy’t heech boppe de rike delling útriist, –
it sil dermei gean as mei in ierripe fiich:
sa gau’t ien dy sjocht,
hat er him al yn ’e hân en slokt him op.
5Dy deis sil de Heare Almachtich sels in hearlike krânse wêze,
in prachtige kroan
foar wat fan syn folk noch oer is.
6Wa’t rjochtsprekke moat,
fynt by Him in geast om suver te oardieljen;
Hy is in sterke krêft foar harren
dy’t de fijân tebekkringe de stêd út.
Tsjin de prysters en de falske profeten
7Mar dizze lju hjir binne ek stuitelich fan ’e wyn,
se wilewaalje fan ’e sterke drank:
pryster en profeet binne stuitelich fan ’e sterke drank
en sûzerich fan ’e wyn,
se wilewaalje fan ’e sterke drank;
se stuitelje deroer, as se in fizioen krije,
en se wraggelje as se rjochtsprekke moatte.
8Ja, se hawwe de tafels der allegearre ûnder spuid,
gjin plak dat frij fan smoargens is.
9Se sizze: ‘En wa soe hy no wat leare,
wa soe hy útlizze kinne, wat er heard hat?
Bern faaks, dy’t krekt fan ’t boarst ôf binne,
en fan ’e tate ôfwend?
10Want it is mar: a a, ba ba,
in bytsje fan dit en in bytsje fan dat.’
11Ja just, mei gestammer
en mei krom praat sil Er tsjin dit folk sprekke,
12God, dy’t eartiids tsjin har sein hat:
‘Dit is de wiere rêst, lit de wurgen rêst fine,
dit docht har goed!’ – mar hja woenen net harkje.
13No sprekt de Heare har oan mei ‘a a, ba ba,
in bytsje fan dit en in bytsje fan dat.’
Dan sille se by ’t rinnen achteroer knoffelje,
de lea stikken falle, yn ’e strûp reitsje en fongen wurde.
14Harkje dan dochs nei it wurd fan de Heare, jimme spotters,
dy’t dit folk yn Jeruzalem wize spreuken foarhâlde.
15Jimme sizze:
‘Wy hawwe in ferdrach mei de dea sletten
en binne mei it deaderyk ta in akkoart kommen.
As de grutte fernieler hjir lâns giselt,
sil er ús net tenei komme,
want wy hawwe yn ’e leagen in taflecht fûn
en yn it bedroch in skûle.’
16Mar dan hat de Heare God dit te sizzen:
Tink derom: Ik lis hjir op ’e Sion in stien del,
in stien dêr’t men op bouwe kin,
in kostbere hoekstien foar in fêste grûnslach:
wa’t fêsthâldt rekket net út it stee.
17Ik nim it rjocht as mjitline
en gerjochtichheid as sjitlead.
De hagel sil jim sabeare-taflecht weireagje,
en de wetterfloed jim skûle fuortspiele.
18Dan is jim ferdrach mei de dea fan ’e baan
en jim akkoart mei it deaderyk bliuwt neat fan stean.
As de grutte fernieler hjir lâns giselt,
wurde jimme as lân dat derûnder strûpt is.
19Elke kear dat er hjir lâns giet,
sil er jim reitsje;
want moarn op moarn giet er hjir lâns,
by nacht en by dei.
It is ien grutte ferskrikking,
as men jin sa’n godsiepenbiering yntinkt.
20Ommers, it bêd is te koart om der langút op te lizzen
en de tekken te smel om jin yn te berôljen.
21Ja, de Heare jout Him oerein, sa’t Er dat dien hat op ’e berch Perasim,
Hy skoddet deroer as yn ’e delling by Gibeön,
om syn died te dwaan – en in frjemde died! –
om syn wurk te folbringen – en in wûnderlik wurk!
22En dêrom, hâld op mei spotten,
oars wurde jim bannen noch stiver oanhelle,
want ik haw in beslút heard, it fêste beslút,
dat de Heare God Almachtich nommen hat,
om it hiele lân te ferdylgjen.
De gelikenis fan ’e boer en syn wurk
23Set it ear dernei en harkje nei myn stim,
wês der goed by en hear nei myn wurden.
24Is de boer dy’t siedzje wol, altyd troch oan ’t ploegjen,
oan ’t felgjen of oan ’t eidzjen?
25Is it net earder sa, dat er nei it sljochtsjen
dille útstruit en komyn,
dat er weet en koarn op rigels en yn fekken sieddet
en spjelt by de kanten lâns?
26En syn God jout him oanwizing,
en leart him hoe’t er dwaan moat.
27Want dille moat men net mei de terskslide terskje
en komyn moat net ûnder de terskrôle troch;
nee, dille slacht men út mei in kneppel,
komyn mei in swingel.
28Wurdt nôt soms hielendal fynstampt?
Wis net, men tersket it net sûnder ophâlden:
al jaget men de terskrôle deroer,
en al wurdt it wanne, men stampt it net fyn.
29– Dit boadskip komt ek fan de Heare Almachtich,
it bliuwt in wûnder, sa’t Hy syn plannen makket,
syn dieden binne fol fan grutte wysheid.